Sjamanisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 14:
 
=== Gûatamala ===
In oar gebiet dêr't it sjamanisme tsjin 'e ferdrukking yn stânholden hat, is noardlik [[GûatamalaGûatemala]]. Trochdat allinne de strang-organisearre en heechlik spesjalisearre preesterstân by de [[MayaMay's]] de yngewikkelde matearje fan [[religy]], [[astrology en astronomy yn natoerreligys|astronomy, astrology]], [[kalinder]], gronology en [[skrift]] behearske, naam dy in kaaiposysje yn harren maatskippij yn. De ruïnes fan 'e âlde Maya-stêden, lykas [[Utatlán]] en [[Copán]], wurde noch altiten besocht troch de sjamanen, dy't dêr harren ieuwenlang ferburgen holden rituëlen útfiere. Yn in grot, ûnder de ruïnes fan [[Utatlán]], bygelyks, bidde de preesters fan 'e [[Quiché]]-Maya ek no noch ta de ierde, de foarâlden en de âlde Maya-keningen.
 
== Foarmen ==