Sjamanisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 13:
De [[Noard-Korea|Noardkoreaanske]] foarm fan sjamanisme wie yndividualistysk en ekstatysk, wylst de [[Súd-Korea|Súdkoreaanske]] ferzje basearre wie op reguliere mienskiplike rituëlen. It súdlike sjamanisme is oan it begjin fan 'e tweintichste ieu hast folslein útroege troch kristlike misjonarissen. Op 't heden wurdt der, foar safier bekend, yn Noard-Korea, dat sûnt [[1948]] kommunistysk is, gjin sjamanisme mear beliden. De noardlike sjamanen binne nei it suden flechte, dêr't sadwaande no frijwol al it sjamanisme fan 'e noardlike fariant is.
 
=== GûatamelaGûatemala ===
In oar gebiet dêr't it sjamanisme tsjin 'e ferdrukking yn stânholden hat, is noardlik [[Gûatemala]]. Trochdat allinne de strang-organisearre en heechlik spesjalisearre preesterstân by de [[May's]] de yngewikkelde matearje fan [[religy]], [[astrology en astronomy yn natoerreligys|astronomy, astrology]], [[kalinder]], gronology en [[skrift]] behearske, naam dy in kaaiposysje yn harren maatskippij yn. De ruïnes fan 'e âlde Maya-stêden, lykas [[Utatlán]] en [[Copán]], wurde noch altiten besocht troch de sjamanen, dy't dêr harren ieuwenlang ferburgen holden rituëlen útfiere. Yn in grot, ûnder de ruïnes fan [[Utatlán]], bygelyks, bidde de preesters fan 'e [[Quiché]]-Maya ek no noch ta de ierde, de foarâlden en de âlde Maya-keningen.