Sjamanisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 45:
By de Eskimo's binne de sjamanen ek holistyske genêzers, dy't sawol lichaamlike, geastlike, as spirituële symptomen behannelje en de jefte hawwe om 'e oarsaak fan sykte of tsjinslach yn 'e jacht te finen troch bemiddeling tusken minsken en geasten. Dêrta meitsje se gebrûk fan in skala oan behannelmetoaden, lykas útsûgjen, ''quamaneq'' of fisualisaasje fan it skelet, en ''qilaneq'', in foarm fan wiersizzen op basis fan it gewicht fan in foarwerp yn 'e hân keppele oan it mûnlinge ûnderfreegjen fan 'e geasten.
 
De sjamanen fan 'e [[Yoruba]], fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]], meitsje gebrûk fan in wiersismetoade dy't nei gedachten fan Arabyske oarsprong is en dêr't troch kombinaasjes fan sechstjin basistekens de orakelgod [[Ifa]] by frege wurdt om foarsizzings te dwaan. De Yoruba-sjamanen resitearje op basis fan 'e útkomst spreuken út harren tradysjonele repertwaar, mar biede fierders gjin ynterpretaasje. In oare wiersismetoade kaam ûnder mear foar op it prekristlike [[Tahity]] en [[HawaiïHawaï]], dêr't de sjamanen de wil fan 'e goaden ôfliezen út it yngewant fan 'e offerjeften.
 
De ''mudang'' fan Korea fiere harren rituëlen om in ferskaat fan redens út. Sa kinne se holden wurde om in lytse kwaal fuort te nimmen of oan it begjin fan in fiere reis. Dêrby wurdt troch de ''mudang'' in [[Pison]] útfierd: der wurdt troch de ''mudang'' wat iten offere en se seit se gebedens op. Slimmere swierrichheden, lykas djippe finansjele malêze, fereaskje in mear útwreide seremoanje, in [[Kosa]]. Dêrby bringt de ''mudang'' troch sang, dûns en muzyk fan trommen en symbalen in boadskip oer oan 'e geastewrâld. De [[Kut]] is de meast útwreide seremoanje, besteande út sang, dûns, muzyk, dramatyk en offerrituëlen, en foarbeholden oan 'e dreechste saken, lykas in slimme sykte of it feilich oerbringen fan 'e geast fan in famyljelid nei de geastewrâld. Ek is it mooglik dat doarpen op fêste tiden in kut hâlde om 'e feilichheid en it lok fan 'e ynwenners te garandearjen.
Rigel 57:
De [[Algonkin]] fan sintraal [[Kanada]] kenne de saneamde [[Skodzjende-tinteseremoanje]], dêr't de sjamaan him boeid by opslute lit yn in tinte, dy't wyld hinne en wer skodde wurdt troch de geasten dy't him fan syn boeiens befrije.
 
En de sjamanen fan 'e [[Inuit|Innu]] fan noardeastlik Kanada, ta beslút, steane derom bekend dat se, om foarútsichten yn te skatten of dreamen út te lizzen, gebrûk meitsje fan [[skapulimânsjeritueel|skapulimânsjerituëlen]]. Dêrby wurdt it skouderblêd fan in eland, kariboe of hazze boppe it fjoer holden, sadat der troch de hitens barstkes, plakken en skuorren yn komme, dy't dêrnei troch de sjamaan brûkt wurde as basis foar it jaan fan útlis of it dwaan fan foarsizzings. Dit aparte, mar oerâlde brûkme waard foar it earst beskreaun troch de jezuyt [[Paul Le Jeune]], dy't de winter fan [[1633]] op [[1634]] trochbrocht by de Innu, en yn 'e hjerst fan [[1989]] waard it op film fêstlein troch de dokumintêremakker [[Hugh Brody]], yn it kamp fan [[Pien Penashue]] fan 'e Eastlike Innu, by [[Goose Bay]] yn 'e provinsje [[Newfoundland]].
 
== Sjoch ek ==