Het Noorderlicht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''It Noarderljocht''' wie in yllegale [[kommunisme|kommunistyske]] [[krante]] dy’t stinsile waard yn in oplage fan 100-300 eksimplaren en in pear kear yn de de oarlochsjierren 1940-1941 ferspraat waard yn Noard-Nederlân.
 
It ûntstean fan It Noarderljocht is rjochtstreeks ferbûn mei it beslút fan de [[Dútslân|Dútske]] besetters de [[Kommunistyske Partij fan Nederlân]] (CPN) en har krante it [[Folksdeiblêd]] te ferbieden. As yllegale opfolger fan It Folksdeiblêd ferskynde yn novimber 1940 [[De Wierheid]]. As regionale edysjes fan De Wierheid ferskynden tagelyk kranten as De Fonk, Tribune, It Kompas en It Noarderljocht. Dizze lêste ferskynde benammen yn [[Grinslân]] en [[Fryslân]] en waard fanút Grins opset troch [[Jan Herder]] dy’t troch de CPN oanwiisd wie as ynstrukteur by it opbouwen fan in yllegale organisaasje yn it noarden fan Nederlân.
 
Haadartikels waarden yn [[Amsterdam]] skreaun ûnder ferantwurdlikens fan de sintrale lieding fan de CPN en mei koeriers en koeriersters troch it hiele lân ferspraat, wêr’t de tekst dêr op [[stinsil]] set waard en ferspraat.