Jan Herder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
opmaak
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 10:
Yn [[1935]] waard hy keazen yn de gemeenterie fan [[Eaststellingwerf]] As riedslid makke hy him sterk foar maatregels om de posysje fan earmelju, arbeiders, lytse boeren en middenstanners te ferbetterjen. Sawol yn praktyske sin ( bg. troch him yn te setten foar betelbere wenten) as yn ideologyske sin ( frij demonstraasjerjocht). Yn deselde perioade kaam hy yn it lanlike bestjoer fan de CPN en waard frijsteld foar de partij. As partijbestjoerder gie Herder it lân yn foar it Agrarysk Buro fan de partij, om boeren en gernierkers te organisearjen en te mobilisearjen tsjin in tekoartsjittend lân- en túnboubelied. Syn ideeën oer de needsaak fan dat wurk koe hy útiensette yn in taspraak foar de Komintern, by in twa moannen duorjend besyk oan de [[Sovjet-Uny]] yn de winter fan 1937-1938.
 
Nei de Dútske ynfal wurdt Herder aktyf yn it opsetten en fersprieden fan in parallelkrante fan [[De Waarheid]] yn de noardlike provinsjes: [[It Noarderljocht|Het Noorderlicht]]. De groep om dit periodyk waard ein 1941 oprôle. De measte meiwurkers kamen om yn de konsintraasjekampen. Herder koe ûnderdûke yn de [[Haarlimmermar]] mar waard begjin [[1944]] dochs noch arrestearre en ynternearre yn [[kamp Amersfoart]]. [[Dolle Tiisdei]] ([[5 septimber]] [[1944]]) kaam hy frij, en dûkte fannijs ûnder. Oan de ein fan de oarloch ta wist hy út hannen fan de besetter te bliuwen.
 
Nei de oarloch werstelde Herder it kontakt mei de partijlieding. Yn de partij waard opposysje tsjin sintrale beslútfoarming net dulden, wat in oantal konflikten joech. Ek protesten fan Herder waarden net wurdearre, en hy waard as polityk siktaris fan de CPN yn Fryslân út it Amsterdamske machtssintrum Den Haach "fuortpromovearre". Neidat hy sels deilis rekke mei partijlieder Paul de Groot op in gearkomste yn Ljouwert [[1946]], naam Herder ôfskied fan de CPN. <br>