Boere-arbeider: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
kategory
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
Earder hiene hast alle boeren in '''boerearbeider''' of feint. Jonges, foaral fan de doarpen, út arbeidersfermiddens gongen nei de legere skoalle nei de boer. Dan moasten sy it melken leare. De kij waarden moarns en jûns mei de hân molken. Simmers molken se de kij yn 'e [[jister]], dat wie in stik grûn by de pleats dêr't gjin gers groeide en winters op 'e stâl yn it bûthús.
 
Swier wurk wie it mjuksjen, de stront yn 'e dongkroade skeppe en op 'e rûchskerne bringe. De mjuksplanke wie winters wol ris wat glêd, dan wie it in hiele toer om it teplak te krijen.
Rigel 8:
Wie it gers droeg dan waard it mei de masine keard en letter byinoar skood ta wurdzen. As it goed droech wie, setten se it yn reakken, dat wiene grutte opers en koe it weidloegjen begjinne. It weidloegjen wie in krekt wurkje, it [[hea]] waard heech opsteapele, de kanten earst opsette, dan kaam de midden fansels. Mei in bynpeal setten se it fêst. Dan gong it op 'e skuorre ta en dêr kaam it yn 'e golle. It hea moast tige droeg wêze, want oars begûn it te broeien. Sa binne der wol pleatsen yn 'e brân rekke. De hearoeder kaam lâns om dat yn 'e gaten te hâlden.
 
Hjerstmis kaam it kâlde waar oan, de sleatten moasten heakkelje wurde. Moarns moasten hja faak by 't tsjuster de kij ophelje en yn 'e jister bringe om se te melken. Siet men ien kear op 'e tuolle tsjin de waarme ko oan, dan waard men wer wat waarm. It barde wol dat in arbeider 35 jier op 'e selde pleats wurke, earst by de âlde boer, letter by de soan.
 
It barde wol dat in arbeider 35 jier op 'e selde pleats wurke, earst by de âlde boer, letter by de soan. Faaks hierde de boerearbeider in hûs fan de boer. Dat goun faaks perelts jier yn op de âlde maaie (12 maaie).
 
[[Kategory:Lânbou]]