Boere-arbeider: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 6:
 
Guon arbeiders ieten dan op 'e pleats, it wie sa drok en it naam tefolle tiid as se nei hûs moasten. De arbeiders makken dan lange dagen fan moarns ier oant jûns let.
Wie it gers droegdroech dan waard it mei de masine keard en letter byinoar skood ta wurdzen. As it goed droech wie, setten se it yn reakken, dat wiene grutte opers en koe it weidloegjen begjinne. It weidloegjen wie in krekt wurkje, it [[hea]] waard heech opsteapele, de kanten earst opsette, dan kaam de midden fansels. Mei in bynpeal setten se it fêst. Dan gong it op 'e skuorre ta en dêr kaam it yn 'e golle. It hea moast tige droegdroech wêze, want oars begûn it te broeien. Sa binne der wol pleatsen yn 'e brân rekke. De hearoeder kaam lâns om dat yn 'e gaten te hâlden.
 
Hjerstmis kaam it kâlde waar oan, de sleatten moasten heakkeljeheakkele wurde. Moarns moasten hja faak by 't tsjuster de kij ophelje en yn 'e [[jister]] bringe om se te melken. Siet men ien kear op 'e tuolle tsjin de waarme ko oan, dan waard men wer wat waarm.
 
It barde wol dat in arbeider 35 jier op 'e selde pleats wurke, earst by de âlde boer, letter by de soan. Faaks hierde de boerearbeider in hûs fan de boer. Dat goun faaks elts jier yn op de âlde maaie (12 maaie).