Yves Saint Laurent: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: eu:Yves Saint Laurent
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ru:Сен-Лоран, Ив; tekstwiziging
Rigel 6:
De tige talintearre Yves Saint Laurent waard berne op [[1 augustus]] [[1936]] yn [[Algerije]]. Hy begûn yn [[1955]] as assistint fan Christian Dior, dy’t hy twa jier letter opfolgje soe, doe't Dior ferstoar. Hy liede it moadehûs trije jier, oant hy foar militêre tsjinst oproppen waard yn de kriich tsjin Algerije. Foar in gefoelich persoan waans skoaltiid in drama west hat, omdat er homo wie, wie de militêre tsjinst tige swier. Hy hie dan ek al gau in senuwynsinking en moast trije moanne lang yn it sikehûs lizze. Dêrnei rjochte hy mei sakeman Berge syn eigen moadehûs op dat waakse soe ta in wrâldmerk. It bedriuw bloeide en gie nei de beurs, mar de ekonomyske efterútgong wylst de golfkriich oan de gang wie soarge derfoar dat Yves Sain Laurent grutte skulden krige. It bedriuw waard oernommen troch kosmetikareus Sanofi en letter troch de [[Gucci groep]].
Yves Saint Lorent hie letter lêst fan sûnensproblemen. Sa hie hy slimme depresjes en waard hy behannele oan alkoholproblemen. Neffens bekenden rekke de skrutene Saint Lorent yn de lette jierren tachtich hieltyd fierder ferwidere fan de gewoane wrâld en moete hy noch mar in pear freonen. Neffens ferhalen lies hy nea de kranten en lústere hy nea nei de radio. Berge hat sein dat de ferneamdheid him kapot makke hat.
 
[[Kategory: Moadeûntwerper]]
 
[[ar:إيف سان لوران]]
Rigel 44:
[[pt:Yves Saint Laurent]]
[[ro:Yves Saint-Laurent]]
[[ru:Ив Сен-Лоран, Ив]]
[[simple:Yves Saint Laurent]]
[[sk:Yves Saint Laurent]]