Drait (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
letter faaks mear
[[]]
Rigel 9:
Yn it ramt fan de ruilferkaveling-Alddjip begjin jierren 1960 wie de Drait in stream wurden mei steile ouwers, hielendal ynrjochte op it hurd ôffiere kinne fan wetter. Wetterlossing op de Iester Sanning troch frij ferfal koe doe ek al lang net mear. Op 5 septimber 1962 waard it gemaal 'Deldracht' yn in parallel rinnende tocht, by de Poastbrêge yn de wei nei [[De Wylgen]], iepene mei genôch kapasiteit om de 1400 ha súdwestlik fan Drachten te bemealen.
 
De provinsje hat de Drait yn de jierren 1990 lykwols opnaam yn in wiete ferbiningssône tusken it streamgebiet fan [[De Boarn]]/Keningsdjip en it leechfeangebiet fan Midden Fryslân. Fia de [[Nije Feart (Drachten)|Nije Feart]] en it [[Ferbiningskanaal (Drachten)|Ferbiningskanaal]] is de Drait nammentlik ferbûn mei die beekdelling.
 
Om de funksje fan ekologyske ferbiningssône ferfolle te kinnen moasten ouwers en begroeing oanpast wurde. Fral it oansjen fan it stik Drait neist de wenwyk Himsterhout is drastysk feroare. De ouwers rinne no flauw ôf, binne dêrtroch breder wurden en boppedat binne der parallelle wetters oanlein. Fuort oan it wetter is no in reidseame mei ek [[Tuorrebout]], in stikje fierder sompige rûchte (sa'n 25 soarten sompeplanten binne invertarisearre yn 1997/98) en strewiel fan Wylch, [[Flear]] en [[Hagedoarn]].
 
Fierder stream ôf (sjoch ôfbyld) bestiet de seame allinne út in smelle reidkraach en noch wat mear nei it noarden rint de sône troch it gebiet mei de jachthaven fan [[Bûtenstfallaat]]. <ref>{{Aut|Van der Wal, J.}}, ''De Drait. Ecologisch lint tussen Drachtster nieuwbouw''. Utjefte IVN ôfdieling De Wâlden, 2004 (J. van der Wal basearret dit boekje op 37 boarnen)</ref>
De deun neistlizzende wyk [[De Trisken]], mar ek Dede [[Himsterhout]] en De [[Drait]] soargje foar drokte oer in lingte fan sa'n 2 km Drait. Der rint in skelpepaad oer de dyk, der wurdt kuiere en fiske. Kritisi sette dêrom fraachtekens by de effektiviteit fan de Drait as ekologyske ferbiningssône.
 
== Gedicht ==