Tineke Steenmeijer-Wielenga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
namme folút
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
'''Trijntje Johanna Wielenga''', letter '''Tineke Steenmeijer-Wielenga''' ( [[Assen]], [[2 juny]] [[1946]] ) is in konservator, learares en Fryske skriuwster. Se groeide op yn Dordrecht. Yn [[1964]] begûn se mei de stúdzje Nederlânsk oan de universiteit fan Utert mei Frysk as byfak. Nei it kandidaats Nederlânsk gie se fierder mei Fryske taal en letterkunde. Har doktoraal helle se yn [[1970]] mei de literatuerskiednis as wichtichste fak.
 
Foar har doktoraal-skripsje ''Ds. J.S. Bakker en het Westterschellingers'' oer it West-Skylger dialekt krige se yn [[1970]] de [[Lutine-priis]]. Al gau joech se kursussen Frysk foar net-Frysktaligen by de [[Afûk]] en waard se frijwillichster by it [[It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum|FLMD]] yn Ljouwert. Yn 1986 folge se Freark Dam op as konservator (letter direkteur) fan it ynstitút en bleau se oant 2003. Nei har ôfskie ferhuze it echtpear Steenmeijer nei it Frânske Vensac.
 
== Skriuwen ==