Hans Falck fan Neurenberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
[[]]
Rigel 9:
Hy wurke yn Ljouwert fan ±[[1616]] (dan wurdt er neamd by ûnderhannelings mei in Ljouwerter oer it jitten fan in klok) oant ± [[1634]]. Wis is dat er yn 1619 boarger fan Ljouwert wurden is. Falck hie syn jitterij yn de âlde tsjerke fan [[Nijehou]] foar de Jakobiner Tsjerke oer. Nei syn ferfarren nei [[Moskou]], [[1634]]/[[1635]] wurdt it bedriuw oernommen troch syn learling [[Jacob Noteman]]. Noteman miende letter te witten dat Falck yn 1645 noch yn libben wie.
 
Falck hat foar ferskate tsjerken yn 17e ieusk Fryslân (en dêr bûten) klokken makke, bygelyks de grutte klok fan de [[Aldehou]] (6000kg, 1633) yn Ljouwert en de tsjerken fan [[Achlum]], [[Bûtenpost]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Frjentsjer]], [[Dronryp]] (1632), [[Fiskflyt|Visvliet]] (1630), [[Eanjum]] en [[Surhuzum]] hawwe syn klokken.
 
=== Yn Ruslân ===
Rigel 16:
De Dútske gelearde en diplomaat [[Adam Olearius]], dy’t yn 1634/1635 troch Ruslân reizge, neamt Falkck yn syn boek ''Beschreibung der muscowitischen und persischen Reise''. Hy seit dat Falck in tige betûft ambachtsman wie út Neurenberch dy’t de Russen leard hat om kanonnen te jitten. Adam Olearius seit ek dat Falck yn steat wie ta it fabrisearjen fan kanonnen dy’t mei 25 pûn buskrût 26 pûn izer ôfsjitte koene. Neffens Olearius wie er dêrtroch yn Hollân al ferneamd wurden.
 
Yn [[1641]] kriget Falck fan Michail Fjodorovitsj de opdracht om in 700 [[pûd]] (11,500 kg) swiere klok te jitten foar de ''Dormition'' Katedraal fan it [[Kremlyn]], dy’t lykwols tsien jier letter ferbrizelje soe. Yn 1652 krige Falk ferskil fan miening mei guon oare klokmakkers (laat troch Danila Matvejev en Jemeljan Danilov) oer it ranen en opnij jitten fan dizze klok; de rjochtsaak dy't dêr fan kaam hat er ferlern. De tsaar hat him doe wierskynlik ferfongen troch Jemeljan Danidov (1627) dy't stoar yn de pestepidemy[[pest]][[epidemy]] fan simmer [[1654]].
 
Hans Falk hat mear as 25 jier yn Ruslân wurke. Meast hawwe syn klokken gjin sinjatuer mei krige, dat der kinne mar in minderheid fan syn produsearre work mei wissichheid oan him taskreaun wurde:
Rigel 29:
It is ek witten dat Falck de saneamde ''Yunak'' [[heakbus]] makke hat.
 
It is net dúdlik hoe’t Hans Falck’s libben nei it einigjen fan syn tsjinstferbân by de Moskouske Kanonne Wurkpleats ferrûn is. Faaks is er werom gien nei syn heitelân, of hy kin stoarn wêze oan de pest dy’t yn de 50er jierren in soad slachtoffers easke hat yn Moskou. Yn alle gefallen hat syn wurk fan grutte ynfloed west op de Russyske metaaljitterij yn de twadde helte fan de 17e ieu. Histoaryske dokuminten neame fjouwer learfeinten fan Falck: Stepan Orefyev, Timofei Timofejev Utinkov, Ivan Timofeyev Reztsov, Ivan Ivanov. Yn it wurk fan ferneamde jitters Jemeljan Danilov, Alexander Grigorjev, en de famylje [[Motorin (klokkejitters)|Motorin]] kin men de jitmetoades fan Falck werom fine.
 
[[Kategory:Brûnsjitter]]