Drait (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje, Nije Drait
oanfollinkje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Alde Drait.jpg|thumb|right|250px|''De Drait tusken wenwiken de Trisken en de Drait'']]
 
De '''Drait''', ofbesteande út de '''Alddrait''' en de '''Nije Drait''',is in âld rivierke, súdeastlik fan [[Drachten]]. De oarsprong fan it yn de rin fan de jierren kanalisearre en bedike streamke leit by [[Koartehimmen]] yn it Koartehimsterfjild, en rint 4 km. troch nei de [[Iester Sanning]]. It lêste ein tusken de Postbrêge en de Iester Sanning, dy de jachthaven en [[Bûtenstfallaat]] del, hjit '''Nije Drait'''. It stiet yn iepen ferbining met de Fryske boezum. De nammen ''Alde Drait'' en ''Nije Drait'' jilde sûnt 15 maart 2007 as de offisjele nammen, as ferfanging foar it eardere ''Oude Drait'' en ''Nieuwe Drait''.
 
Yn [[Prehistoarje|pre-histoaryske]] tiden wie de Drait in folle langer stream dêr't it grutte, ûnûnderbrutsen, heechfeangebiet (ûntstien op de [[Pleistoseen|pleistosene]] grûnen nei de op ien nei lêste [[iistiid]]) eastlik fan Drachten, oant rûchwei [[Trimunt]] yn Grinslân, op ôfwettere. De haadstream, mei syn sydtûken, rûn sa'n bytsje parallel oan it streamgebiet fan [[De Boarn]]. De Noarder Drait (mei as oerbliuwsel de [[Burmaniasleat]]) wie de meast noardlike sydtûke. <ref> Kaart. Boven-Boorngebied. Rapport betreffende het onderzoek van het Lânskip-genetysk Wurkforbân van de [[Fryske Akademy]]</ref>