Drait (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
útliz makette
Rigel 4:
De '''Drait''', besteande út de '''Alddrait''' en de '''Nije Drait''',is in âld rivierke, súdeastlik fan [[Drachten]]. De oarsprong fan it yn de rin fan de jierren kanalisearre en bedike streamke leit by [[Koartehimmen]] yn it Koartehimsterfjild, en rint 4 km. troch nei de [[Iester Sanning]]. It lêste ein tusken de Postbrêge en de Iester Sanning, dy de jachthaven en [[Bûtenstfallaat]] del, hjit '''Nije Drait'''. It stiet yn iepen ferbining met de Fryske boezum. De nammen ''Alde Drait'' en ''Nije Drait'' jilde sûnt 15 maart 2007 as de offisjele nammen, as ferfanging foar it eardere ''Oude Drait'' en ''Nieuwe Drait''.
 
Yn [[Prehistoarje|pre-histoaryske]] tiden wie de Drait in folle langer stream dêr't it grutte, ûnûnderbrutsen, heechfeangebiet (ûntstien op de [[Pleistoseen|pleistosene]] grûnen nei de op ien nei lêste [[iistiid]]) eastlik fan Drachten, oant rûchwei [[Trimunt]] yn Grinslân, op ôfwettere. DeOp haadstream,de meihjirneist synôfbylde sydtûken,makette rûnis te sjen dat de haadstream sa'n bytsje parallel oan it streamgebiet fan [[De Boarn]] rûn. De reade Noarderstippelline Drait (mei as oerbliuwselis de [[Burmaniasleat]]) wie de meast noardlikegrins fan deSmellingerlân njoggenmei sydtûkenOpsterlân. <ref> Kaart. 'Boven-Boorngebied. Rapport betreffende het onderzoek van het Lânskip-genetysk Wurkforbân van de [[Fryske Akademy]]'</ref>
 
At de rekonstruearre haadstream fan de Drait op in topografyske kaart fan no lein wurdt, kin de rin frijwat sekuer omskreaun wurde. Op de makette begjint er noardeast fan [[Fryske Peallen]] oan de Skieding, krúst nei it súdwesten [[Oerterp oan de Feart|De Feart]] boppe Oerterp, rint oer yndustryterrein Azeven, krúst it [[Selmien]], bûgt dan noardlik fan [[Olterterp]] in bytsje nei it westen om dan yn it Koartehimsterfjild in skerpe draai nei it noardwesten te meitsjen en yn de Iester Sanning út te kommen.
 
De boppeste sydearm fan de Drait op de makette rint rûchwei fan it Oerterpsterfallaat dwers troch it sintrum fan hjoeddeisk Drachten, justjes besuden de lettere Drachster, om krekt besuden Bûtenstfallaat by de haadstream oan te sluten. De Noarder Drait (mei as oerbliuwsel de [[Burmaniasleat]]) wie de meast noardlike fan de njoggen sydtûken, mar dy falt bûten de makette
 
== Namme ==
Line 16 ⟶ 20:
Om de funksje fan ekologyske ferbiningssône ferfolle te kinnen moasten ouwers en begroeing oanpast wurde. Fral it oansjen fan it stik Drait neist de wenwyk Himsterhout is drastysk feroare. De ouwers rinne no flauw ôf, binne dêrtroch breder wurden en boppedat binne der parallelle wetters oanlein. Fuort oan it wetter is no in reidseame mei ek [[Tuorrebout]], in stikje fierder sompige rûchte (sa'n 25 soarten sompeplanten binne invertarisearre yn 1997/98) en strewiel fan Wylch, [[Flear]] en [[Hagedoarn]].
 
Fierder stream ôf (sjoch boppeste ôfbyld) bestiet de seame allinne út in smelle reidkraach en noch wat mear nei it noarden rint de sône troch it gebiet mei de jachthaven fan [[Bûtenstfallaat]]. <ref>{{Aut|Van der Wal, J.}}, ''De Drait. Ecologisch lint tussen Drachtster nieuwbouw''. Utjefte IVN ôfdieling De Wâlden, 2004 (J. van der Wal basearret dit boekje op 37 boarnen)</ref>
De deun neistlizzende wyk [[De Trisken]], mar ek de [[Himsterhout]] en De [[Drait]] soargje foar drokte oer in lingte fan sa'n 2 km Drait. Der rint in skelpepaad oer de dyk, der wurdt kuiere en fiske. Kritisi sette dêrom fraachtekens by de effektiviteit fan de Drait as ekologyske ferbiningssône.