Willem Loré: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
lit. derby en [[]]
Rigel 1:
'''Willem Loré''' ([[1679]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] - [[22 maaie]] [[1744]], [[Frjentsjer]]) wie in [[wettersteatkundige]], ferneamd foar de diken dy't er ûntwurpen hat, wêrûnder foar de [[Nije Bildtpolder]] en de [[Dokkumer Nije Silen]].
 
Willem Loré waard berne yn 1679 yn Ljouwert. Syn heit wie foarsjonger by de [[Walen yn Fryslân|Waalske]] gemeente en joech dêrneist les yn wiskunde en Frânsk. Doe't Willem 12 jier wie ferstoar syn heit. Dêrtroch kaam Willem yn in Ljouwerter [[weeshús]] terjochte. Willem hie in talint foar wiskunde en wie neist syn deistich wurk iverich mei [[wiskunde]] stúdzje dwaande.
 
Syn iverigens foel op by de reginten fan it weeshús. Ien fan harren soarge der foar dat Willem ynskreaun waard oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]]. Dêr krige hy 8 jier les fan professor Fullenius Jr. ([[1640]] - [[1707]]). Nei dy tiid waard er promovearre ta Lânmjitter en waard er ynstrukteur oan de Universiteit. Omdat er gjin les hân hie yn Gryksk en [[Latyn]] koe er net promovearje ta Professor en wie dat it heechste wat er berikke koe.
Rigel 8:
Foar de oanlis fan diken kaam Willem Loré mei een revolusjonêr ûntwerp. Troch de diken breder te meitsjen, en fral troch se in flauwere [[falling]] te jaan, koene de diken wol in heale meter leger bliuwe as besteande diken wylst sy dochs sterker wiene. Boppedat koe it [[pealwurk]], dat oan de bûtekant fan de besteande diken pleatst waard, ferfalle. Dêrtroch wiene de nije diken in stik goedkeaper yn oanlis en ûnderhâld. Willem Loré hie it opsicht oer de ynpoldering fan de [[Nije Bildtpolder]] yn [[1715]], de ôfsluting fan it [[Dokkumer Djip]] yn [[1729]] en de oanlis fan de [[Koudumer Slieperdyk]] yn [[1732]] en de [[Surger Slieperdyk]] yn [[1733]].
 
Neist syn wurk by de oanlis fan slûzen en diken gie Willem Loré troch mei lesjaan oen de universiteit. Yn [[1736]] kaam er sels oan it [[Steedhâlderlik Hof]] om de jonge Fryske Stedehâlder[[Steedhâlder]] Prins [[Willem Karel Hindrik Friso]] yn de wiskunde te ûnderwizen. Yn [[1743]] krige Willem Loré noch in ûnderskieding foar syn fertsjinsten. Hy waard op 1 july 1743 oansteld as Professor Ekstra-Ordinaris yn de wiskunde. Lang hat er dêr net fan genietsje kind want op 22 maaie 1744 ferstoar Willem Loré yn de âldens fan 65 jier.
 
==Literatuer==
* {{Aut|J.W. de Crane}} ''Levensschets van Willem Loré''
* {{Aut|W. Eekhof}} ''De voornaamste Dijk- en Water-werken van Willem Loré, Geschiedkundig beschreven''
 
[[Kategory:Skiednis|Loré, Willem]]