Ipen (skaai): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
wurdkar
Rigel 12:
 
== Ypsykte ==
De iep is gefoelich foar de [[ypsykte]]. Dizze ferwylgingssykte wurdt feroarsake troch de skimmel ''[[Ophiostoma ulmi]]''. De ypsykte wurdt oerbrocht troch de [[ipespintkrobbe]], dy't de skimmel by him hat. De skimmel groeit yn de houtfetten fan ipen, sadat dy ferstopd reitsje. De blêden wurde wilich en de beam giet dea. Fan it tige grutte ipebestân yn Nederlân fan begjin 20e ieu is tusken 1919 en 2000 grif njoggentich prosint troch de ypsykte ferdwûn, sadat it lânskip in grutte feroaring ûndergien hat. De ferkeap fan Ipesoarten yn Nederlân is fan mear as 56.000 yn 1989 weromrûntebekrûn nei mar 6.800 yn 2004,<ref name=Hiemstra>Hiemstra et al., (2005). ''Belang en toekomst van de iep in Nederland''. Praktijkonderzoek Plant & Omgeving, Wageningen UR</ref> Sûnt 1928 is men ûnûnderbrutsen oant 1992 dwaande west mei it kweken fan resistinte farianten.<ref name=Burdekin> Burdekin, D. A. & Rushforth, K. D. (Revised by Webber J. F. 1996). Elms resistant to Dutch elm disease. ''Arboricultural Research Note ''2/96. Arboricultural Advisory and Information Service, Alice Holt, Farnham, UK.</ref> Fergelykbere kweekprogrammas wiene der yn Noard Amerika (1937), Itaalje (1978) en Spanje (1990s).
 
== Tapassings ==