Frysk hynder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mercy (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "92.66.7.252" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Streuper".
Rigel 2:
It '''Frysk Hynder''' is it âldste ynlânske [[List fan hynsterassen|hynsteras]] fan [[Nederlân]]. Syn woartels geane fier werom yn’e tiid. Al yn de [[13e ieu]] wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.
 
== DikkeIere hyndersSkiednis ==
It Fryske Hynder waard nei alle gedachten al mear as 3.000 jier lyn brûkt. Út âlde boarnen docht bliken dat it hynder al brûkt waard troch de [[Romeinen]], dy’t it hynder tige wurdearren. Se namen de Fries mei as oarlochshynder, yn de fjildtocht nei Ingelân. Yn de Midsieuwen waard de Fries benammen as kriichshynder brûkt. Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] leveren krusings mei Spaanske hynders, benammen [[Andalûzjer]]s yn de santjinde ieu in aktyf en alsidich type Fries op.
 
Yn de achtjinde en njoggentjinde ieu wie it Fryske Hynder tige populêr op hurddraverijen. Earst waard allinich riden ûnder de man mar letter ek foar de [[sjeas]]. Alle jierren waard op ''Kening swipe-dei'' yn [[Ljouwert]] in hurddraverij hâlden om in [[gouden swipe]] dy't fan [[1823]] ôf alle jierren beskikber steld waard troch de kening. Oan it ein fan de njoggentjinde ieu makke de opkomst fan spesjaal foar it draven fokte Russyske en Amerikaanske dravers in ein oan de draverskarriêre fan it Fryske Hynder.
 
== Frysk Hynste-Stamboek ==
Boppedei binne hynders dik.
Om't der yn de 19e ieu steeds mear krúst waard mei oare rassen drige it Fryske ras te ferdwinen. Om dit foar te kommen waard op [[1 maaie]] [[1897]] it [[Frysk Hynste-Stamboek]] oprjochte yn herberch ''De Trije Romers'' yn [[Reduzum]]. Yn it begjin registrearre it stamboek sawol sûvere Friezen en krúste hynders, mar dan wol yn aparte boeken. Letter is dêr allinich de registraasje fan de Friezen oerbleaun.
 
Troch de mechanisaasje fan de lânbou wie oan it ein fan de sechticher jierren in djiptepunt foar it Fryske Hynder. Noch mar sa'n 1.000 hynders stienen noch ynskreaun yn de registers fan it stamboek. Mei tank oan inkele fokkers dy’t it Fryske Hynder behâlde woenen, is der net krúst mei oare hynsterassen en beskikke wy no noch oer in Frysk Hynder. Yn 2003 wienen der al wer 40.000 Fryske hynders.
 
=== Arabo-Fries ===
Tsjintwurdich is de Europeeske Arabo-Friezen Feriening (EAFV) dwaande in lyts diel Arabyske folbloed yn it Fryske hynder werom te fokken, om se mear geskikt te meitsjen foar de sport. Arabo-Fryske hynders wurden (noch) net opnommen yn it Friesch Paarden Stamboek (FPS). In Arabo-Fries is dus net samar in Fries dy’t krúst is mei in Arabier, mar in útbalansearre fokprodukt.
 
== Skaaimerken ==