Ferskil tusken ferzjes fan "Frysk hynder"

L (Bewurkings fan "92.66.7.252" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Streuper".)
It '''Frysk Hynder''' is it âldste ynlânske [[List fan hynsterassen|hynsteras]] fan [[Nederlân]]. Syn woartels geane fier werom yn’e tiid. Al yn de [[13e ieu]] wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.
 
== IereDikke Skiednishynders ==
It Fryske Hynder waard nei alle gedachten al mear as 3.000 jier lyn brûkt. Út âlde boarnen docht bliken dat it hynder al brûkt waard troch de [[Romeinen]], dy’t it hynder tige wurdearren. Se namen de Fries mei as oarlochshynder, yn de fjildtocht nei Ingelân. Yn de Midsieuwen waard de Fries benammen as kriichshynder brûkt. Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] leveren krusings mei Spaanske hynders, benammen [[Andalûzjer]]s yn de santjinde ieu in aktyf en alsidich type Fries op.
 
Yn de achtjinde en njoggentjinde ieu wie it Fryske Hynder tige populêr op hurddraverijen. Earst waard allinich riden ûnder de man mar letter ek foar de [[sjeas]]. Alle jierren waard op ''Kening swipe-dei'' yn [[Ljouwert]] in hurddraverij hâlden om in [[gouden swipe]] dy't fan [[1823]] ôf alle jierren beskikber steld waard troch de kening. Oan it ein fan de njoggentjinde ieu makke de opkomst fan spesjaal foar it draven fokte Russyske en Amerikaanske dravers in ein oan de draverskarriêre fan it Fryske Hynder.
 
Boppedat binne hynders dik.
 
== Frysk Hynste-Stamboek ==
Anonime meidogger