Easterbierrum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw noch in namme oanpst nei de âlde stavering dy't dêr brûkt wurdt.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Frjentsjerteradiel Easterbierrum.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Easterbierrum]]
'''Easterbierrum''' is in doarp yn it noarden fan de gemeente [[Frjentsjerteradiel]]. It doarp hat 557 ynwenners (21 desimber 2003).
Troch it doarp rint de Middelwei fan [[Tsjummearum]] nei [[Seisbierrum]] dy't yn de jierren 1839—1841 in stik ferbrede en ferbettere is.
 
==Skiednis==
It doarp waard eartiids wierskynlik Aesterbarra neamd. Noardwestlik fan Easterbierrum leit op in hege terp oan de seedyk de pleats ‘Koehoal’. Hjir waard yn [[1183]] it kleaster Lidlum stifte.
 
Oant yn de lette Midsieuwen wienen diken oer lân meastentiids ûnbegeanber en wie men foar it grutstepart op ferbining oer it wetter oanwiisd. Dy wiene ek wichtich foar de ûntwikkeling fan de doarpen. Troch de eardere slinke hie Easterbierrum altyd in goede ferbining met Tsjummearum.
Fan in rige doarpen yn de streek Bierumer Bjirmen dy't ûntstien binne op in [[strânwâl]] is Easterbierrum de meast eastlike; fandêr de namme. It is wierskynlik sûnt de iere [[midsieuwenMidsieuwen]] bewenne.
Yn [[1431]] sloegen de muontsen fan [[Lidlum]] de destiidske koster fan Easterwierrum dea yn syn pastorije.
Yn it súdwesten fan it doarp stie in [[stins]] fan it skaai Haerda.
Easterbierrum hie tusken [[1903]] - [[1935]] in stasjon oan it spoar [[Harns (stêd)|Harns]] - [[Stiens]].
 
==Sint Joaristsjerke==
De [[goatyk|goatyske]] tsjerke krige om [[1500]] syn hjoeddeiske foarm en wie wijd oan [[Joaris (hillige)|Sint Joaris]]. Nei inkele jierren koartwei ´de tsjerke fan Easterbierrum' neamd te wêzen hat it sûnt 2005 wer de name St. Joaristsjerke. Moast in deade eartiids fan fier komme, dan barde soks yn in lykkoets, lutsen troch ien of twa hynders. De koets moast dekt wêze mei ta op in heale meter fan de grûn kommende swarte kleden.M
Line 19 ⟶ 21:
==Sport en rekreaasje==
Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9 ek wol North Sea Trail of [[Deltapaad]] neamd. De E9 rint lâns de kust fan [[Portugal]] nei de [[Baltyske steaten]]. Ek is hjir de start fan de Slachtemaraton oer de [[Slachtedyk]].
 
==Ferskaat==
*De Slachtedyk rint fan Easterbierrum oant Raard by Snits en is mear as 40 km lang. De dyk is opboud út seepolderdiken dy't sûnt de [[10e ieu]] oanlein binne om de [[Middelsee]].
* In bekende ynwenner wie [[Jelle Zijlstra]], de eardere minister-presidint en direkteur fan de Nederlânske Bank (*[[1918]]).
 
==Befolking==
*[[1954]] - 895
Line 31 ⟶ 35:
 
==Strjitten==
't Nebke, [[Alef van Idsinga]]wei, [[Bauke Poelstra]]strjitte, Brits, Buorren, Dr [[Jelle Zijlstra]]leane, Eilân, Eilânswei, Fiskerspaed, HeardaweiHaerdawei, Hoarnestreek, Keatsebuorren, Konkelswei, Lidlumerwei, Sedyk, Sint Jorisstrjitte, Skoalstrjitte, Slachte, Stasjonsreed, Terp.
 
== Sjoch ek ==