Christiaan Huygens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Bernd (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 11:
Earst wijde Huygens him foaral oan de wiskunde. Hy skreau ûnder oaren it earste boek oer de [[wierskynlikheidslear]] op oantrún fan [[Blaise Pascal]]. Letter bestudearre er parten fan de [[matematyske fysika]], benammen [[meganika]] en [[optika]]. Yn de meganika wie er dwaande mei de teory fan it slingerbeweech. In praktysk resultaat fa dit ûndersyk wie it [[slingeroerwurk]]. Hjirút hat er ek in oerwurk foar op see ûntwikkele, mar dat koe mei de technyk fan syn tiid noch net makke wurde. Syn ûndersyk yn de optika late ta de golfteory fan it ljocht, en tegearre mei syn broer konstruearre er mikroskopen en tilleskopen, dêr't er ûnder oaren de ring fan [[Saturnus]] mei ûntduts.
 
Christiaan HuygenHuygens hat yn [[1680]] de [[buskrûdmotor]] ûntwurpen, in [[ferbranningsmotor]] rinnend op buskrûd. Hy hat in ferbetterde luchtpomp makke, en dêrmei eksperimentearre. En ek hat er yn de [[muzyk]] de [[ienentritichste toansoart]] ûntwikkele.
 
It [[Huygens Ynstitút]] fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen, dat him dwaande hâld mei sawol literatuer- as wittenskipsskiednis, is nei Christiaan en syn heit Constantijn ferneamt.