Spoar fan Ljouwert nei Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
Ljouwert (stêd)
No edit summary
Rigel 1:
mij blokkeruh he durfuh jullie wel
It '''spoar fan Ljouwert nei Starum''' is in spoarwei yn [[Fryslân]], mei in langte fan 50,2 km en mei in reistiid fan likernôch 49 minuten.
 
== Stasjons ==
Oan it spoar lizze 9 stasjons:
* [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
*:''[[Jellum-Boksum]]''
*:''[[Bears]]''
*:''[[Jorwert]]''
* [[Mantgum]]
*:''[[Wiuwert]]''
*:''[[Boazum]]''
*:''[[Skearnegoutum]]''
* [[Snits Noard]]
* [[Snits]]
* [[Drylts]]
*:''[[Aldegea (Wymbritseradiel)|Aldegea]]''
*:''[[Bombrekken]]''
*:''[[Nijhuzum]]''
* [[Warkum]]
* [[Hylpen]]
* [[Molkwar]]
*:''[[Warns]]''
* [[Starum]]
 
== FerbiningsKoptekst ==
'''ill be back
Yn Ljouwert hat it spoar in ferbining mei oare spoaren:
whahahahahahhahahahahahahahahahahahahahaha'''
* it [[spoar fan Harns nei Ljouwert]]
* it [[spoar fan Ljouwert nei Grins]]
* it [[spoar fan Swol nei Ljouwert]]
 
== Skiednis ==
Al yn [[1863]] wienen der plannen foar in ferbining tusken Ljouwert en Starum, en yn [[1875]] waard by wet besletten ta de oanlis, mar it duorre oant [[16 july]] [[1883]] eart Ljouwert - Snits iepene wurde koe en oant [[8 novimber]] [[1885]] eart it hiele spoar iepene waard. Dat it earste stik troch de [[Nije lannen]] gean soe, wie daalks wol dúdlik, mar net of de rûte fia [[Boalsert]] of fia Snits moast. In oare komplikaasje wie de sêfte grûn yn de [[Súdwesthoeke]]. Ek wie der it ferskil fan ynsicht of de spoarwei in lokale ferbining wêze moast, of in trochgeande ferbining nei Hollân. Der waard úteinlik keazen foar beide. Der kamen tuskenstasjons yn Jellum-Boksum, Mantgum, Boazum, Snits, Drylts, Aldegea, Warkum, Hylpen Molkwar en Warns, en yn [[1895]] kamen dêr noch Bears, Jorwert, Wiuwert en Skearnegoutum en Nijhuzum by. Mar der kaam ek in boatferbining fan Starum nei [[Inkhuzen]], en fan dêr gong it spoar fierder nei [[Amsterdam]]. By de spoaren yn Fryslân en Hollân waard sels rekken holden mei útwreiding nei dûbeldspoar.
 
It spoar foel oarspronklik ûnder de [[Steatsspoarwegen]], mar fan [[1890]] ôf waard it part fan de [[Hollânske Spoarweimaatskippij]]. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. Als gefolch dêrfan waard yn [[1934]] Nijhuzum sletten, en waarden yn [[1938]] alle stasjons sletten, útsein dy fan Ljouwert, Snits, Warkum, Hylpen en Starum. Yn 1940 waarden alle stasjons wer iepene, útsein Warns en Nijhuzum, mar datselde jier waarden de stasjons tusken Ljouwert en Snits wer sletten, en yn [[1941]] ek de stasjons tusken Snits en Warkum. Allinnich Boazum waard yn [[1943]] nochris iepene, mar yn [[1944]] waard ek dat stasjon definityf sletten. Nei't yn [[1964]] it [[fear]] ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer.
 
Yn [[1972]] waard lykwols it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon. Yn [[1973]] krige Snits as earste plak yn Fryslân in twadde stasjon mei Snits Noard. En yn [[1985]] waard in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn [[1999]] waard [[NoardNed]] as nije behearder oanwiisd.
 
== Takomst ==
Sûnt [[1964]] is ferskate kearen útstelt en hef it spoar op, of yn elts gefal it part fan Snits nei Starum. Meast wurdt dan útstelt en ferfang it spoar troch in [[bus]]ferbining. Mar sûnt it idee fan de [[sweeftrein]] besprutsen wurdt, wurdt as alternatyf ek de rûte Ljouwert, Starum, Inkhuzen, Amsterdam neamt, mei in fear, in [[tunnel]] of sels in dyk. De provinsje Fryslân stjoert lykwols oan op in [[lichtspoar]]ferbining. Ek de [[Stifting Stoomtrein Fryslân]] stelt belang yn it spoar; dy wol fan Snits nei Starum in museumstoomtrein ride litte.
 
== Bysûndere halten ==
Njonken de fêste halten hat NoardNed ek in pear kear in bysûndere halte ynfoege. Mei [[Simmer 2000]] wie der foar [[Orfeo Aqua]] in halte by de [[Bombrekken]]. En mei yngong fan 2002 is der yn Jorwert in halte foar it [[Iepenloftspul Jorwert]].