Spoar fan Ljouwert nei Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Tebek set ta de ferzje fan "Theun"
Aliter (oerlis | bydragen)
L as
Rigel 32:
Al yn [[1863]] wienen der plannen foar in ferbining tusken Ljouwert en Starum, en yn [[1875]] waard by wet besletten ta de oanlis, mar it duorre oant [[16 july]] [[1883]] eart Ljouwert - Snits iepene wurde koe en oant [[8 novimber]] [[1885]] eart it hiele spoar iepene waard. Dat it earste stik troch de [[Nije lannen]] gean soe, wie daalks wol dúdlik, mar net of de rûte fia [[Boalsert]] of fia Snits moast. In oare komplikaasje wie de sêfte grûn yn de [[Súdwesthoeke]]. Ek wie der it ferskil fan ynsicht of de spoarwei in lokale ferbining wêze moast, of in trochgeande ferbining nei Hollân. Der waard úteinlik keazen foar beide. Der kamen tuskenstasjons yn Jellum-Boksum, Mantgum, Boazum, Snits, Drylts, Aldegea, Warkum, Hylpen Molkwar en Warns, en yn [[1895]] kamen dêr noch Bears, Jorwert, Wiuwert en Skearnegoutum en Nijhuzum by. Mar der kaam ek in boatferbining fan Starum nei [[Inkhuzen]], en fan dêr gong it spoar fierder nei [[Amsterdam]]. By de spoaren yn Fryslân en Hollân waard sels rekken holden mei útwreiding nei dûbeldspoar.
 
It spoar foel oarspronklik ûnder de [[Steatsspoarwegen]], mar fan [[1890]] ôf waard it part fan de [[Hollânske Spoarweimaatskippij]]. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. AlsAs gefolch dêrfan waard yn [[1934]] Nijhuzum sletten, en waarden yn [[1938]] alle stasjons sletten, útsein dy fan Ljouwert, Snits, Warkum, Hylpen en Starum. Yn 1940 waarden alle stasjons wer iepene, útsein Warns en Nijhuzum, mar datselde jier waarden de stasjons tusken Ljouwert en Snits wer sletten, en yn [[1941]] ek de stasjons tusken Snits en Warkum. Allinnich Boazum waard yn [[1943]] nochris iepene, mar yn [[1944]] waard ek dat stasjon definityf sletten. Nei't yn [[1964]] it [[fear]] ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer.
 
Yn [[1972]] waard lykwols it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon. Yn [[1973]] krige Snits as earste plak yn Fryslân in twadde stasjon mei Snits Noard. En yn [[1985]] waard in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn [[1999]] waard [[NoardNed]] as nije behearder oanwiisd.