Tsead Bruinja: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Rigel 9:
Nederlânske gedichten waarden ûnder oare opnaam yn ''Vanuit de lucht - De earste generaasje dichters fan de 21e ieu'' (Passage, [[2001]]). Yn [[2003]] makke Bruinja syn Nederlânstalige debút mei ''Dat het zo hoorde'' (Contact) dat nominearre waard foar de Jo Peters Poëzijpriis yn [[2004]]. Yn [[oktober]] fan 2004 seach de twadde Nederlânstalige bondel ''Batterij'' it ljocht. Yn juny [[2006]] is Tsead Bruinja mei syn Nederlânstalige wurk fan Contact oerstapt nei Cossee. Yn [[2007]] is dêr ''Bang voor de bal'' (nije Nederlânstalige bondel) ferskynd dy't folge wurde sil troch ''Geboorte van het zwarte paard'' (in twatalige seleksje út syn Fryske wurk).
 
Yn 2004 waard de troch Bruinja en [[Hein Jaap Hilarides]] gearstalde twatalige blomlêzing ''Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas'' (Contact & Bornmeer) publisearre en begjin 2005 kaam de blomlêzing Klotengedichten (Passage) út, mei gearstald troch Daniël Dee.
 
Tsead Bruinja skreau resinsjes foar [[Trouw]], Awater, Ietsmetboeken (NPS-webside ferbûn oan it radio 1 programma Kunststof) en Boeken.vpro.nl.