Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]] nochris
Rigel 1:
[[Ofbyld:Selskip 1844 (1904).jpg|thumb|300px|''Groepsfoto makke ta gelegenheid fan de ûntbleating fan it stânbyld yn it Grouster plantsoen fan [[Eeltsje Hiddes Halbertsma]], 28 maaie 1904''. <small>Op de foto stean op de foarste rige fan lofts ôf: notaris [[Sjirk Linses van der Burg|S. van der Burg]], [[Jacob Hepkema]], master D. Schuitemaker (haad fan de skoalle te Grou), ? Halbertsma, Foeke Kuipers (fan Coopersburg te Akkrum), master J.J. Hornstra, P.A. Wilhelmy, [[Onno Harmens Sytstra]], [[Cornelis Wielsma]], Gabe Hoeneveld (tsjerkfâd), in ûnbekenden en Hearre van der Meer. Op de efterste rige: û.o. R. Visser (boekhâlder by Halbertsma), [[Tsjalling Hiddes Halbertsma]] (bûterkeapman), mefr. Kingma Boltjes-Halbertsma (Tsjomme Tet), [[Fokke Jans de Zee|F.J. de Zee]] (mei it wite festje), lofts fan him frou G. Budstra en Rinske Looijenga, de beide manlju tsjin de palm oan binne Egbert Kerkhof en Atse van Stralen. Oan de oare kant fan it byld, neist de palm R. Draaisma (túnman fan it plantsoen), foar him Gerben Hellinga. De âldman mei de sigaar yn de mûle is Age Braak. Dêrefter stiet Van der Burg, rjochts fan him Tsj. Kuperus (direkteur fan it bûterfabryk) en [[Jan Jelles Hof]] (mei in wite sylpet). Foar him, de middelste fan de trije froulju stiet widdo A.H. de Jong, Jitske de Jong-Van der Velde. De man mei de holle skean en pet op is Freerk de Jong. (Allegear neffens de opjefte fan [[Simke Molenaar]] yn de [[Frisia]] fan 11 july 1952). Fierders soene op de foto stean moatte: Baukje Musch, master Bos (efter de palm, tsjin it byld oan), Tsjibbe Dokter, master Stienstra, Geart Sietema, Van der Meer, en Boerema (fan Akkrum).</small> ]]
It '''Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse''' (ek wol 'Selskip 1844' of 'Ald Selskip' neamd) is op [[14 septimber]] [[1844]] yn [[Het Gouden Wagentje]] oan de [[Nijstêd]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] oprjochte troch [[Harmen Sytstra]], [[Tiede Roelofs Dykstra]] en [[Jacobus van Loon]]. Syn oanhing bestie meast út middenstânslju, de liberale boargerij en de yntelligentsia fan doarpsdûmnys en skoalmasters. De romantyk oerhearske it tinken fan de measte [[Fryske beweging|bewegers]] fan de earste oere en de wjerslach dêrfan wie werom te finen yn it earste Fryske tydskrift dat troch it Selskip útbrocht waard: [[Iduna]].