Komelker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat tikflaters ferbetere en wat ferwizings makke
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanf
Rigel 3:
Doe't de [[molkfabryk|molkfabriken]] opkamen, seagen in soad arbeiders in kâns om boer te wurden. Dan hoegde der ommers net sels [[tsjerne]], of [[tsiis]] makke te wurden. In gat foar de stront, in heaberch en in stâl wiene it begjin. Dochs wie it in striid en gebealch om troch de tiid te kommen. Omdat komelkers gjin eigen lân hienen, moast der lân pachten wurde. Eigeners wienen meast fan rike lju, dy't it lân faaks ferhierden oan de heechste ynskriuwer. Winterdeis, as it lân faaks ûnder wetter stie, wienen der net folle ynkomsten. Dochs moast de pacht foar de beteldatum fan [[12 novimber]] betelle wurde. As soks net slagge wie it dien mei de komelkerij en waard de earmoede faaks noch folle grutter.
 
As earbetoan oan de pream en de soad komelkers dy't eartiids yn en om Terherne wennen hat de VVV fan [[Terherne]] in pream foar selskippen yn gebrûk mei de namme "[[De Komelker (Terherne)|Komelker]]".
 
[[Kategory:Feehâlderij]]