Desintralisaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: De term '''Desintralisaasje''' as tsjinstelling mei sintralisaasje wurdt benammen brûkt by oerheden en oare organisaasjes. Hjirby wurdt bedoeld it minder sintraal te regeljen. In foarbyl...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Rigel 1:
De term '''Desintralisaasje''' as tsjinstelling mei sintralisaasje wurdt benammen brûkt by oerheden en oare organisaasjes. Hjirby wurdt bedoeld it minder sintraal te regeljen. In foarbyld is it opsplitsen fan ien grut steatsbedriuw yn losse ûnderdielen.
 
{{wurk}}
De Ferjochting ferwachte alles fan de sintrale, ferjochte, oerheid. De sosjale striid, taspitst op it nasjonale nivo, hat yn de praktyk ek de sintralisaasje befoardere. De finansjele kuratele fan it ryk yn de krisisjierren die de rest; de selsstannichheid fan de gemeentes en de provinsje teide fuort. Tsjin dizze sintralisaasje is ferset komd, benammen yn Fryslân. Hjir woe men mear foech, ferantwurdlikheid en selsstannichheid foar gemeentes en provinsje, benammen yn de striid tsjin nivellearring en massafikaasje foar de ûntwikkeling fan de eigen kultuer. De Ried fan de Fryske Beweging joech in brosjuere út en de Fryske Steaten lieten in kommisje rapport útbringe. Beide waarden brûkt troch de steatskommisje ta wersjenning fan de provinsjale wet. Yn it ramt fan it [[regionalisme]] waarden kontakten lein mei organisaasjes út oare provinsjes en lannen. Ynstee fan unifoarme sintralisaaske winsket men erkenning fan it rjocht ta selswurksumheid en selsferantwurdlikheid. Sa kinne de mienskippen eigen mooglikheden en karakter op alle terreinen ûntjaan. De [[Fryske Nasjonale Partij]] hat it stribjen nei federaal ferbân yn har program opnomd.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{EvF|Decentralisatie}}