Abe de Vries (reedrider): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Kategory
L sp
Rigel 3:
Abe de Vries, waard berne yn 1907 as ''Abe Sjoerd de Vries''. Hy libbe as boer yn [[Dronryp]].
 
Op 16 desimber 1933 die er mei oan de Alvestêdetocht. HijHy begûn letter as de oare riders om't er noch mei ien yn petear wie doe't de wedstriid al begûn, mar koe lykwols de kop fan de westriid al gau bykomme. Tegearre mei [[Sipke Castelein]] riid er wei by de oaren. Twaresom riden sy de rest fan de tocht, en sa praten ôf dat se ek twaresom oer de streep ride soenen.
 
Abe seach lykwols de oankomststreep net, om't dy net mear as in skras yn it iis wie, dat sy gongen der efterelkoar oerhinne. Núver genôch jout in part fan de boarnen Castelein op dat stuit as foaropman, wylst in oar part De Vries as foaropman neamt. Mar yn alle gefallen waarden nei oanlieding fan de ôfspraak beide ta winner útroppen. Oan de wedstriid dienen 173 dielnimmers mei dêr't 160 fan it folbrochten.