Aldehou (toer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L sp
Rigel 20:
[[Jacob van Aaken]] hat it foltôgjen fan de bouwurken net belibje mocht, want trije jier nei it begjin fan it wurk is er ferstoarn.
 
De nije boumaster waard [[Cornelis Frederiks]]. HijHy hat der mar ien jier oan arbeidzje mocht, doe waard it bouwurk stillein en bleauwen de Ljouwerters sitten mei de net ôfboude toer mei it útsûnderlik skaaimerk dat dy toer út it lead stie. Dit lêste is net hielendal wier, want it fersakjen waard opheind, troch geregeldwei op 'e nij op 't sjitlead fierder te mitseljen, en sadwaande waard de toer net allinne [[skean]], mar ek [[krom]].
 
De bou waard stillein om't de Lege Lannen ûnder ynfloed fan de lear fan [[Maarten Luther]] kamen. De Aldehou wie de tsjerketoer fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk Katolike]] [[Sint Vitustsjerke]], dat men krige foar de bou gjin jild mear.
Rigel 39:
 
==Technyske feiten==
De Aldehou is likernôch 40 meter heech. HijHy hat 183 treden mei in ôfstan fan 22 sintimeter; dat wurdt dan 183 x 22 sintimeter = 40,26 meter. De Aldehou hinget 1,68 meter yn noardwestlike rjochting út it lead. Dit is likernôch 2 graden. De draachmuorren, de noard- en súdmuorre, binne sa'n 2,36 meter tsjûk. De east- en de westmuorre, dy't fanwege ekstra stipe yn [[1599]] tichtmitsele binne, mjitte 60 sintimeter. De toer soe eins sa'n 120 meter heech wurde. It foarbyld wie de [[Us Leave Frouwetsjerke]] te [[Freiburg yn Breisgau]] yn it [[Swarte Wâld]].
 
==Literatuer==