Wim de Bie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
L fix
Rigel 3:
 
==Libbensrin==
De Bie is fral bekend wurden as part fan it duo [[Van Kooten en De Bie]], dat er foarme mei [[Kees van Kooten]] en wêrmei't er lange tiid programmas makke foar de VPRO-televyzje.waarmee hij jarenlang op televisie voor de [[VPRO]] programma's maakte. Se learden elkoar kennen op it Dalton Lyceum yn Den Haach, dêr't sy tegearre in [[kabaret (lytsekeunst)|kabaretprogramma]] hiene, it kabaretensemble: ''Cebrah''. It earste programma hjitte ''G.Rapsgewijs''; it twadde ''Te hooi en te grap''.
 
Om't sy allebeide learaar wurde woene, soene se nei harren eineksamen [[Nederlânsk]] studearje. De Bie stoppe der lykwols al gau mei. Yn 1961 goe er yn op in advertinsje fan de [[Nederlandse Radio Unie]] foar in oplieding ta radiokabaretier. Hy ferhûze fan Den Haach nei Amsterdam en gie dêr oan't wurk by útjouwerij [[De Arbeiderspers]] om syn oplieding betelje te kinnen. Fjouwer jûnen yn de wike gie er nei Hilfertsom foar syn stúdzje en nei trije jier wie er diplomeare radiokabaretier. Noch deselde simmer (1963) waard er troch Co de Kloet frege om it radio-jongereinprogramma ''Multiplex'' te dwaan.