Jonas Salk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: ca:Jonas Salk
L sp
Rigel 13:
Polio wie eins net sa'n grut gefaar as oare sykten, mar troch it skrikbyld fan bern op krukken en yn rôlstuollen wie der in algemiene eangstme foar de sykte ûnststien. Yn de Feriene Steaten samle de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming dêrom mei harren [[March of Dimes]] jild yn foar ûndersyk. Yn 1952 hie it tal fan slachtoffers fan de sykte grutter west as ea earder. Alles makke dúdlik dat polio de fijân wie.
 
Yn dizze situaasje wie it súkses fan it faksin wichtich nijs dat op de radio kaam. Hjirby wie gjin plak foar in útlis fan wa 't krekt wat dien hie; it gong allinnich om it blide nijs dat polio ferslein wie. Hoewol Salk ek foar himsels gjin eare opeaske, krige er dy al taskood. HijHy waard foar it publyk de held dy de polio ferslein hie. Mar syn kollega's namen him kwea ôf dat er net earst in wittenskiplike publikaasje dien hie, mei in oersjoch fan de bydragen fan de wittenskippers dy't it sukses mooglik makke hienen. Hjirtroch waarden syn wurk en hy troch in soad wittenskippers negearre.
 
== Sabin-faksin ==