Willem Drees: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L Bot - derby: ja:ウィレム・ドレース |
L sp |
||
Rigel 22:
== Minister-presidint ==
Op [[7 augustus]] [[1948]] begûn Drees oan syn ministerskip dat wol fjouwer kabinetten omfetsje soe en mear as tsien jier duorje soe. As minister-presidint hat er mei foarm jûn oan de perioade fan it wer opbouwen fan Nederlân. Foar syn fyzje op it ekonomyske herstel fan Nederlân ferliende de Ekonomyske Hegeskoalle yn [[Rotterdam]] him yn 1948 in [[earedoktoraat]] yn de ekonomy. As lieder fan kabinetten fan mingde gearstalling wie Drees him derfan bewust dat Nederlân in lân wie fan politike minderheden en dat gearwurking fan de PvdA mei oare partijen needsaaklik wie om herfoarmingen trochfiere te kinnen. It grutste probleem wat hy meimeitsje soe wie de konfrontaasje mei de republyk [[Yndoneezje]]. Drees hat yn 1962 in boek skreaun oer syn libben. In kwart fan dat boek gie oer de Yndonesyske kwestje. Hy hat it erfaren as it grutste en pynlikste punt fan syn hiele politike karriêre. As fice-premier en foaral as minister-presidint droech hy mei ferantwurdlikheid foar it Nederlânsk belied yn Yndoneezje. Hjir hearden de [[polisjonele aksjes]] by. Hy hat altyd gematigd west. Drees hat tsjin de twadde wapene aksje stimd omdat er tocht dat Nederlân isolearre wurde soe. Mar
[[Ofbyld:Willem Drees Monument Eric Claus.JPG|thumb|right|300px|Monumint ta eare oan Willem Drees, makke troch [[Eric Claus]] yn [[1988]]. It stiet flak foar de súdlike yngong fan it [[Binnenhôf]]. ]]
|