Anargisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: krc:Анархизм
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling evhhf
Rigel 1:
{{Politike ideology}}
It '''Anargisme''' is in politike streaming dy't as radikaal bekôge wurdt en ûntstien is út it [[sosjalisme]]. Karakteristyk foar it anargisme is wol dat it gjin inkele foarm fan gesach of macht erkend. It tinken dat hjir efter leit is dat eltse foarm fan gesach úteinlik ta machtsmisbrûk liede sil. Neffens dizze [[ideology]] soenen minsken harsels bestjoere moatte troch middel fan lytse selsbestjoerende mienskippen dêr't elkenien gelyk is oan inoar. Yn [[Ruslân]] dêr't dizze wize foar it earst yn de [[20e ieu]] foarm krige, waard soks [[sowjet|sowjets]] neamd. Der wurde twa foarmen fan anargisme ûnderskieden, te witten in gewelddiedige en in net gewelddiedige foarm, wêrfan de gewelddiedige foarm wol it meast bekend wurden is. De net-gewelddiedige rjochting lei de klam op tsjinstwegering.
 
By de opkomst fan it sosjalisme wie it anargisme in frij sterke sydstreaming. Spoaren fynt men yn [[De Klok]] en [[Morgenrood]]. Yn dizze tiid krijt ek [[Lev Tolstoj]] in soad omtinken.
 
== Fryske anargisten ==
Anargisme krige yn Fryslân in soad oanhing troch [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis]], dy't troch de arbeiders 'Us Ferlosser 'neamd waard. Benammen yn de jierren foar de oarloch krige it anargisme oanhing yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard de oanhing folle lytser. De Feraasje fan frije sosjalisten, wêryn de anargisten yn it Noarden har feriene hiene, besit yn [[1918]] in terrein yn de bosken by [[Appelskea]], dêr't jierliks mei de pinksterdagen en lândei hâlden wurdt. Hjir wie op 16 en 17 maaie 1970 it lanlike kongres "Anti-autoritaire opposistie nu". Hjir sprutsen ûnder oare [[Roel van Duyn]] en Otto Boetes.
Predikanten as [[Louis Adrian Bähler]] fan [[Skiermuontseach]], [[Sibillus Catharinus Kylstra]] fan De [[Rottefalle]] neame har kristen-anargist. Se steune ek de koloanje yn [[Blaricum]] (Ynternasjonale Bruorskip). Ek de [[Hogerhuissaak|Bruorren Hogerhuis]] binne anargisten. Der wenje in soad yn [[It Bilt]] en de Feanstreken. Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] docht Giesen yn Ljouwert fan him sprekken. Letter wurdt harren ynfloed minder. [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis]] is in bekende Fryske anargist.
== Literatuer ==
* {{Aut|Imke Klaver}} - ''Herinneringen van een Friese landarbeider'' (1974)
* {{Aut|Douwe de Wit}} - ''Overdenkingen van een arbeidersjongen'' (1974)
 
[[Kategory:Politike streaming]]