Punk rock: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
B. (oerlis | bydragen)
yllustraasje
Rigel 6:
'''Punk rock''' (fan '[[punk]]', dat 'sûnder wearde' betsjut) wie oarsponklik de betiteling fan de primitive, meast op gitaarspul basearre [[rock and roll]] fan bands út de 60-er jierren sa as [[The Stooges]] en [[The Seeds]].
Mei 'Punk rock' of koartwei 'Punk', wurdt tsjintwurdich de anti-maatskiplike muzykbeweging út it midden/ein 70-er jierren bedoeld, yn gong setten troch de [[Sex Pistols]], [[The Clash]], [[The Damned]], [[The Ramones]] en harren neifolgers.
 
<TABLE align="right"><TR><TD>
[[Ofbyld:Nevermind.png|Platehoes fan Sex Pistols]]
</TABLE>
 
De woartels fan de punk rock lizze yn de orizjinele betsjutting fan de term, de [[garage rock]] út de betide jierren 60, mar ek yn de Ingelske pup-rock rûnten, betide driuwende krêften fan de avant gardiskyske [[New Wave|new wave]] as [[Patti Smith]] en de dissonante styl fan de [[Velvet Underground]] dy't lang beskôge binne as de stifters fan de punk rock. Fan grut belang foar it ûnstean fan de streaming wie de winsk om werom te gean nei de simpelens fan de betide [[rock and roll]] en it fersmiten fan de algemiene streaming yn de muzyk fan dy tiid, dy't punk rockers seagen as pretinsjeleaze, ferkommersjalisearre, pompeuze en ûnynspirearre muzyk.