Hagedoarnen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
oanfollinkje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Meidoornstruik.jpg|thumb|right|300px|''ienstilige hagedoarn'']]
'''Hagedoarn''' (''Crataegus'') is in [[geslacht (biology)|geslacht]] fan strûken dy't fan natuere yn Europa, Noard-Amearika, Aazje en Noard-Afrika foarkomme. Guon soarten komme ek as beam foar. De hagedoarn waard troch de toarnen op de tûken in soad brûkt yn [[hage]]n. Alde hagen trochsnien hiel Ingelân, parten fan Skandinaavje en Frankryk en bepaalden foar in grut part de lânskipsfoarm. It hout is hurd en fyn fan struktuer en tsjinne wol foar houtfykwurk.
 
Fan it geslacht '''hagedoarn''' (''Crataegus''), ek hagebeam, hagebeibeam, hagedoarnen beamke, hagetoarn of smoarbeibeam neamd, komme yn de Benelúks twa soarten ynhiemsk foar. Dit binne de [[Ienstilige hagedoarn]] (''Crataegus monogyna'' syn. ''C. oxycantha'') en de [[Twastilige hagedoarn]] (''Crataegus laevigata''). Der komt lykwols ek in soartshybride fan de Ienstilige en Twastilige hagedoarn, ''Crataegus'' ×''macrocarpa'', yn it wyld foar.
Rigel 16:
 
== Ekologyske wearde ==
De hagedoarn is troch syn toarnen aardich goed beskerme tsjin de fraat fan [[grutte weiders]] en foarmet sa in skûlplak foar in protte organismen. Wat der oerbleaun is fan de tûzenen kilometers, somtiden ieuwenâlde, hagen wurdt tsjintwurdich faak om syn ekologyske- en kultuerhistoaryske wearde beskerme (Ingelân). It is in plant dy't benammen foarkomt oan boskrânen en yn [[klaai]]bermen.
 
== Fermeardering ==