Alde skyld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Âlde skyld werneamd ta Alde skyld: Gjin dakje op in haadletter.
redirect
 
Rigel 1:
#REDIRECT [[Ald skyld]]
'''Alde skyld''', '''Frânske skyld''', '''keizersskyld''' of '''keningsskyld''' is in muntstik of jildbedrach. Sûnt it midden fan de [[14e ieu]] nimme dizze termen trochtocht; earst as oantsjutting fan in betelmiddel letter as weardefêst bedrach. As weardefêst bedrach wurdt de ''skyld'' oant fier yn de [[16e ieu]] brûkt. Lang waard yn folle plakken de gongbere munten alle jierren ikere op de âlde skyld en waard sa de wikselkoers tusken munten fêststeld.
 
Foaral yn [[1348]] komme gouden skylden yn de Noardlike Nederlannen. De skylden ha itselde gewicht as de alderearste suverene gouden skylden dy yn [[1337]] slein binne, mar it gehalte fan de legearing wie ferlege fan 24 karaat nei 23 karaat. De skylden waarden brûkt als betelmiddel en as tsjinwearde foar sulver.
De âlde skyld wurdt yn de rin as munt hieltiten minder brûkt, mar wurdt it symboal fan weardefêstichheid fan in ôfsprutsen bedrach.
 
Yn de [[Midsieuwen]] wie de priisferhâlding tusken goud en sulver aardich stabyl (1 gram goud tsjin 10 à 12 gram sulver), mar yn de [[16e ieu]] nam it oanbod fan sulver sterk ta. Sulver waar doe minder wurdich tsjinoer it goud (yn de 18e en earste helte 19e ieu wie de ferhâlding 1 gram goud op 15 à 16 gram sulver).
 
It gebrûk fan âlde skylden wie foaral foar fjouwer saken:
* Transaksjes mei de lânshear of mei hearen út de buert, sawol by ôfdracht fan belêstingen as by foarsje en werombeteljen fan foarskotten;
* Transaksjes wêrby't langer dwaand kredyt en pachtjild belutsen wiene, benammen de ferkeap fan liifrinten;
* Transaksjes dy har op gruttere ôfstân ôfspilen;
* Betellings foar bewiisde tsjinsten as hjiryn in honorarium-elemint siet sa as by abbekaten en medisi, en foar jeften yn jild oan foaroansteanden fan bûten.
 
[[Kategory:Jild]]