Radio Oranje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
namme
No edit summary
Rigel 3:
De earste útstjoering wie op [[28 july]] [[1940]], en waard fold troch [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Keninginne Wilhelmina]]. Hja brûkte dit programma 34 kear om it Nederlânske folk te bemoedigjen. Har sintsje ''"Slaat den Mof op zijn kop"'' is ferneamd bleaun. Wilhelmina hat ek in pear kear stipe frege foar har joadske ûnderdienigen, mar guonts fine dat hja dat faker en krêftiger dwaan moatten hie. Itselde waard minister-presidint [[Pieter Sjoerds Gerbrandy]] ferwiten.
 
Yn juny 1942 warskôge Radio OrnajeOranje om gjin Joadske eigendommen te keapjen, want dat soe nei de befrijding as helen beskôge wurde.
 
De iepeningstoan fan it programma wie it geuzeliet ''In naam van Oranje doe open de poort''. Bekende meidoggers wienen [[Loe de Jong]], [[Jan de Hartog]], [[H.J. van den Broek]] en [[A. den Doolaard]]. Ut en troch kaam in lid fan it regear foar de mikrofoan. Anne Frank fernijt yn har deiboek dat hja minister [[Gerrit Bolkestein]] foar Radio Oranje heard hienen. Yn it kabaretprogramma ''De Watergeus'' song [[Jetty Paerl]], 'Jetje fan Radio Oranje'. Der waarden fierders koadearre berjochten foar it Nederlânsk ferset útstjoerd.