Jan Tjittes Piebenga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
opmaak, better te sjen
De wyn yn'e holle makket faak in gek yn'e muolle.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Piebenga, Jan Tjittes.jpg|thumb|400px|<small>''Jan Tjitte Piebenga (lofts), de Noardfries [[Carsten Boysen]] en [[Douwe Tamminga|Douwe Annes Tamminga]] yn [[Noard-Fryslân]] (1930)''</small>]]
'''Jan Tjittes Piebenga''' ([[Frjentsjer]], [[4 april]] [[1910]] - [[Ljouwert]], [[3 desimber]] [[1965]]) wie in ûnderwizer en sjoernalist.
 
Rigel 7:
Yn 1940 hat er efkes foaroanman fan de Fryske ôfdieling fan de [[Nederlansche Unie]] (dy't fral oprjochte wie om de [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]] de wyn út de seilen te nimmen) west, letter die er alderhanne fersetswurk en waard er redakteur fan it yllegale blêd ‘De Wachter’. Hy wie sûnt [[1943]] redakteur fan de ''Leeuwarder Koerier'' en nei de oarloch haadredakteur fan de [[Ljouwerter Krante]].
 
Piebenga wie in tige warber frisiast, dy't lykwols ek graach oer de grinzen sjen mocht. Hy reizge nei [[Noarwegen]], [[Yslân]], en de [[Faeröer]], mar ek nei de [[Feriene Steaten]], [[Suriname]] en de [[Nederlânske Antillen]], Noard-Afrika en [[Turkije]]. Fierders fielde er in soad foar [[Israel]]. Skreau in grut tal artikelen, fersen, ferhalen en wurken foar it ûnderwiis. Wie redakteur fan [[It Heitelân]] (1938-1942, 1946-1947) en [[De Tsjerne]] (1946). Fersoarge útjeften fan frijwat ûnbekende skriuwers lykas [[Teatse Holtrop]] en [[Sjoerd Meines]].
 
Yn Aldegea is in strjitte nei him neamd.