Skûtsjesilen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Aliter (oerlis | bydragen)
L in
Rigel 5:
Mar yn de twadde helte fan de ieu kamen der klubs dy't it silen organisearren. Doe kaam ek it idee fan [[amateursport]] op, dat der waarden hast gjin wedstriden mear om jild útskreaun. Om't de skippers dan de tiid net misse koenen begûn it tal fan meidoggers werom te rinnen.
 
Doe't yn de earste helte fan de [[20e ieu]] de [[frachtfeart]] motorisearre rekke, begûn ek it tal skûtsjes werom te rinnen. Yn de [[Twadde Wrâldkriich|oarloch]] wie der al wer mear te dwaan foar skûtsjeskippers, om't der te min brânstof wie. Sa kaam der wer mear silerij en mei dêrtroch waard yn [[1945]] ynin [[Sintrale Kommisje Skûtsjesilen]] (SKS) oprjochte.
 
Mar wêr it tal fan wedstriidkommisjes woeks nei de oarloch, rûn it tal fan skûtsjes werom. It wie yn de jierren fiiftich net mear goed mooglik foar in beropsskipper en hâld in skûtsje yn 'e feart.
Dêrom binne der doe stiftings kaam dy't foar harren rekken in skûtsje oan it Skûtsjesilen dielnimme lieten. Sa is it hjoeddeiske SKS kampioenskip ûntstien, mei skûtsjes dy't útkomme foar in stêd of doarp.
 
Yn de santiger en tachtiger jierren die bliken dat it al wer moochlik wie foar ien eigner en besit in eigen skûtsje. Om't dizze skûtsjes net pasten yn it stramyn fan de SKS, hawwe harren skippers in eigen organisaasje opset, dy't de [[Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen]] (IFKS) útskriuwt. Op dy manier binne der no yn [[Westerlauwersk Fryslân|Fryslân]] twa kampioenskippen Skûtsjesilen.
 
===Literatuer===