Iduna (tydskrift): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kepp. derby
noarsk
Rigel 1:
'''Iduna''' wie it earste Frysk literêre tydskrift. Iduna ferskynde fan [[1845]] oant [[1862]]. De sintrale figuer en redakteur wie [[Harmen Sytstra]]. It wie yn it begjin in ienmansblêd, mar letter wiene der mear redakteuren en kaam it ûnder de hoede fan it [[Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse]]. Sytstra hâlde lykwols oant syn dea de einredaksje fan Iduna.
 
De namme '''Iduna''' ferwiist nei in Noarsk mytologysk figuer, ''Iðunn'', dy't hoeder wie fan de jonkheid fan de goaden en de godinne fan de dichtkeunst.
 
Hy brûkte in eigensinnige stavering neamt nei it tydskrift: de Idunastavering. As foarbyld dêrfan kin it neifolgjende sitaat fan him, ít 1845, tsjinje dêr't er syn stavering yn ferdigenet: ''"Mei ynachtniming, ho da Friesen oannath Hollondsk forwend benne, end mei th' each oppa biscawing end foarútgong der tael, matte da scriûers, sa fulle dwaenlik, ynnath ald-Frysk self da wetten foar hiar spelling siikje."''