Pieter de Clercq: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
L c yn de namme
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pieter de Clerq.jpg|thumb|''Pieter de ClerqClercq'']]
'''Pieter de ClerqClercq''' ([[Amsterdam]], [[21 jannewaris]] [[1849]] - [[Zeist]], [[9 maaie]] [[1934]]) wie in bankier út Amsterdam dy't him ynsette foar it Frysk op skoalle en yn't tsjerke. Hy fêstige him as grutlâneigner yn [[Feanwâlden]], dêr't er in filla sette liet, it lettere Talmahûs, doe't er 50 jier wie. Hy hie ûnder mear grûn by [[Mullum]], [[Wytmarsum]] en [[Skettens]], en gie as in patriarchaal hearsker mei syn pachtboeren om.
 
De ClerqClercq wie in soan fan Pieter de ClerqClercq Gsn en Aaltje Stinstra (fan Frjentsjer). Hy troude yn Crefeld (Nordrhein-Westfalen) op [[23 juny]] [[1874]] mei Maria Catharina Müller (1854 - Zeist [[22 septimber]] [[1931]]); hja krigen fiif bern.
 
De ClerqClercq learde it Frysk fan de skriuwer [[Gerben Postma]] út [[Moarrewâld]]. Yn 1900 waard syn foarstel ta it befoarderjen fan it Frysk yn it ûnderwiis troch it Frysk Selskip oannaam en krige er in sit yn de ûnderwwiskommisje fan it Selskip. De kommisje skreau in priisfraach út foar it skriuwen fan in Frysk learboekje. Sels skreau er in 'Lytse Fryske Spraekleare' (1904) en hie er plannen foar akten Frysk foar leger- en middelberûnderwiis. Teffens wie er stifter fan it 'Underwiisfûns foar de Fryske tael'. Hy skreau oer de wearde fan in Fryske bibeloersetting en publissearre mei oaren de evangeeljen fan Matteus en Markus yn't Frysk.
 
De Noardfiezen waarden fan de ClerqClercq oantrune harren te organisearjen ta behâld fan it [[Noardfrysk]]. Yn 1928 ferfarde er nei Zeist.
 
== Keppeling om utens==
* [http://www.familiedeclercq.nl/nl/geschiedenis/biografische-schetsen/generatie-14/pieter-de-clercq.html Famylje De ClerqClercq, webstee]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
{{EvF|ClerqClercq, Pieter de}}
*{{aut|Zondergeld, G. R.}}, ''De friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen'' s. 28, 29
}}
[[Kategory:Feanwâlden|ClerqClercq]]
[[Kategory:Frysk skriuwer|ClerqClercq]]
[[Kategory:Fryske beweging|ClerqClercq]]