Ridder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Streuper (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 6:
Yn Jeropa is nei de Romeinske tiid, yn de [[Iere Midsieuwen]] stadichoan de modernere ridder ûntstien. Hy beskikte oer swiere wapens en wie tanksij de stiichbûgels in tige effektive strider dy't oer in eigen hynder beskikte. Yn earsten waard in grut diel fan de ridders rekrutearre út de klasse fan de minsterjalen, tsjinstlju fan rike eallju. Dat wienen faak ienfâldige boeresoannen dy't troch de lânhear frijstelt waarden foar it wurk op it lân en ynstee dêrfan oare taken krige, û.o. as wapene begelieder, dy't op in hynder stride koenen. Om op in hynder mei de lange lâns stride te kinen, wie net ienfâldich en om dêryn in útblinker te wurden, wie it bêste om der al op jonge leeftyd mei trene te begjinnen. De ministerjalen libben meastentiids op it [[kastiel]] fan harren master of hienen in eigen kastiel yn lien.
 
Yn de tiid fan de [[Karolingen]] krige de "[[ridderstân]]", dêr't it lidmaatskip fan foar in part erflik bepale wie, hieltyd mear stal. Wat harren wize fan libben oangie, ferskilden de ridders ynearsten net folle fan de lytse grutgrûnbesitters. Letter waard de ridderstân in sletten kaste, dêr't de posysje fan ridder waard erflik yn waard. Der ûntstie in systeem mei learlingen, skyldknapen neamd, dy't ridder wurde koenen, nei earst in oplieding te hawwen folge by harren [[patroan]]. Yn de lette midsieuwen lutsen de keningen dizze foech nei harren ta.
 
Doe't de maliënkolders ferfolgen waarden troch de noch kostbere [[harnas]]sen waard de ridderstân en ûntwikkele sy in eigen ethos en gebrûken. Op oaren, hannelslju of boeren waard delsjoen. Sy boasken yn de eigen kaste. De ridderstân wie in klasse binnen de adel wurden.