Laren (Noard-Hollân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kategory oanpast
oanf fan nl:
Rigel 8:
== Skiednis ==
Laren is ien fan de âldst beboude plakken yn [[it Goai]]. It alderearste folk dat der wenne wie it [[Trachterbekerkultuer|trachter-bekerfolk]]. (Omtrint 2500 f. Kr.) Letter kamen der minsken fan Frysk-Saksyske oarsprong te wenjen. Yn [[1085]] stifte de [[biskop]] fan [[Aartsbisdom Utert (Roomsk-Katolike Tsjerke)|Utert]] it kapittel [[Sint Jansbasilyk (Laren)|Sint Jan]] op de heuvel dy't no bekend is as [[Sint Janstsjerkhôf]]. Nei it stee fan dizze kapel en begraafplak rinne fan âlds Goaiske [[deawei|deawegen]] út alle rjochtingen.
 
Lare hat in boeredoarp west, mar ek de weefyndustry naam in wichtich plak yn. Nei it oanlizzen fan de tramline fan Hilfertsom nei Amsterdam (de ''Gooise Moordenaar'') yn 1892 is Laren ek in keunstners- en forinsedoarp wurden.
 
Yn de 19e ieu waarden de Goaiske doarpen ûntdutsen troch keunstners dêr't letter de [[Larenske Skoalle]] út fuortkomme soe. Inkelde bekende [[keunstskilder]]s dy't yn Laren taholden wienen [[Anton Mauve]] (learmaster fan [[Vincent van Gogh]]), [[Jan Sluijters]] en [[Ferdinand Hart Nibbrig]].
 
Sûnt ein jierren 1980 is Laren fral in forinsedoarp wurden foar de 'nije riken' (''nouveau riche''). Yn de doarpskearn binne noch ferskate pleatsen dêr't lykwols net mear buorke wurdt.
 
== Museum ==