Sint-Jânsgea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanf
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 15:
It foarmet eins in twillingdoarp mei [[Rotsterhaule]]. De doarpen wurkje dan ek gear mei skoallen, tsjerken en ferienings. Sint Jansgea is neamd nei de tsjerke fan it doarp, dy't wijd is oan de hillige Johannes. Dizze tsjerke stiet hjir al jierren net mear. Nei de ynpoldering en it yn kultuer bringen fan it lân is de Streek fertichte ta in lintbebouwing dy’t oan de noardkant noch altyd tichter is dan oan de súdkant fan de Streek. Fan de âlde Streek ôf is noch dúdliker dan yn it buordoarp [[Rotsterhaule]] te ûnderfinen, hoe leech it lân leit.
== Feanôfgraving ==
Yn it gebiet is yn it ferline in soad [[Fean (grûnsoarte)|fean]] ôfgroeven, dit waard as [[Turf (brânstof)|turf]] ferskippe. It gebiet waard slim wiet en strûpte by min waar hielendal ûnder wetter, it waard it Unlân neamd. De [[polder]] is lykwols droechmeald troch fjouwer mûnen, de lêst oerbleaune mûne is troch de befolking rêden fan de sloop: [[De Hersteller (Sint Jansgea)|De Hersteller]].
De Hersteller bestie yn 2007 150 jier. By dy gelegenheid is in jubileumboek útkaam. De mûne waard yn 1857 boud om de polder droech te hâlden. Yn de jierren santich fersutere de mûne en doe is er yngreven opknapt.