Friesland Post: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat. ferw
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanf
Rigel 1:
'''Friesland Post''' is in tiidskrift oer [[Fryslân]] en de Friezen. It is yn [[1974]] opsetten troch advertinsjeferkeaper [[Geart Kuperus]] fan [[Snits (stêd)|Snits]]. It moanneblêd wie de opfolger fan [[DIF]] ( Dit Is Friesland ) dat nei in achttal nûmers stoppe wie. Mei in tal eardere meiwurkers fan DIF en ûnder lieding fan skriuwer [[Pieter Terpstra]] sette Friesland Post út ein. Fan begjin ôf oan wiene ek [[Hanna Ludwich]], [[Harrie Ernst]] en [[Johan Witteveen]] fêste meiwurkers.
 
Begjjin tachtiger jierren ferkocht Geart Kuperus it blêd oan [[Agropers]] yn [[Drachten]]. Letter gie it oer nei de [[Friese Pers]] mei útjouwer [[Robert Wielenga]] en haadredacteur [[Sytze van der Wal]] en ferhuze de redaksje fan Drachten nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de njoggentiger jierren waard it blêd oerdien oan [[Migg]] en útjouwer [[Ids Kuindersma]] en kaam Friesland Post werom yn Snits. Doe't Kuindersma ein [[2007]] krekt foar it 30-jierrich bestean fan FP stoppe, gie it blêd oer nei útjouwer [[Simon van der Let]] en haadredakteur [[Frans van Egmond]]. Yn 2009 waard Van der Let sels haadredakteur.
 
Friesland Post hat rubriken oer Friezen en Fryslân. Hast alle persoanen dy't wat mei Fryslân te krijen hawwe wurde der yn portretearre. Ek is der in fotorubryk mei artikels út it eardere "[[Fan Fryske Grûn]]". Fierders is der oandacht foar horeka, kultuer, natuer, minsken, puzels en oare rubriken mei in Frysk tema. Der binne troch it jier ek temanûmers mei ekstra omtinken oan bg. [[skûtsjesilen]] en oer wenjen.