Willem van Haren (diplomaat): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Willem van Haren''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[17 oktober]] [[1626]] - ?, [[15 april]] [[1708]]) wie in [[grytman]] fan [[It Bilt]], rintmaster fan de domeinen, steatsman, diplomaat en kurator fan de [[Universiteit fan Frjentsjer]]. Hy ferfolde ferskate misjes, ûnder mear nei [[Denemark]], [[Sweden]], Keulen en [[Ingelân]]. Hy wie belutsen by de [[Frede fan Nymwegen]]. Hy besoarge de jurist [[Gerard Noodt]] in oanstelling by de [[Hegeskoalle fan Frjentsjer]]. [[Karel XI fan Sweden]] wie befreone mei Willem van Haren, de bouwhear fan de yn 1683 boude, en nei him neamde tsjerke yn [[Sint Anne]]. Karel XI skonk swiere koperen doarren foar de grêfkapel.
 
Van Haren bewenne in grut pân yn Ljouwert, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as it [[Keramykmuseum It Princessehof]].