Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎De swette: flaterke
Rigel 12:
== De swette ==
[[Ofbyld:Wachtposten 1 1x Rheinbrohl.jpg|left|thumb|200px|Romeinske wachttoer oan de grins]]
De opstân besoarge de Frisii in goeie reputaasje by oare Germaanske folken. Hja lutsen harren net folle mear oan fan de Romeinen. Kloften Friezen besette lânbougrûn dy't foar soldaten ornearre wie fan [[Rome]]. Ek woene se net út de nije doarpen wei gean dy't se krekt stifte hiene. Yn [[47]] nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch [[Korbulo]], mar foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis oftdat er de Frisii wol yn it ryk besocht op te nimmen. Hy boude in fort op Fryske grûn en yntrodusearre bestjoer yn Romeinske styl. Wer't it fort (nei alle gedachten in [[kastellum]]) krekt stien hat is net bekend. Korbulo waard troch keizer [[Klaudius]] lykwols werom ropt en dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.
 
Yn [[54]] nei Kristus feroverjen de Friezen, op inisjatyf fan [[Ferritus]] en [[Maloriks]], it buffergebiet by de [[Ryn]] lâns. Doe't de Romeinen drigen de legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer [[Nero]] stjoerd. Dy delegaasje frege goedkar om it gebiet yn besit te nimmen. Nero wegere dit en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.