Komelker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hynder en meanmasine yn de pream 001.jpg|300px|thumb|right|<small>''Hynder en meanmasine yn de pream by Terkaple'', letter mei in oanhingmotor oan de [[skou]] mei oanhingmotor der foar.''</small>]]
In '''komelker''' is in boer dy't in pear [[ko|kij]] foar de [[molke]] hâldt. Yn de [[18e ieu]] wurde al komelkers neamd, mar begjin [[20e ieu]] wienen der in soad komelkers. Guon melkten ek wol foar oaren. Bytiden fuorren se it fee op 'e stâl. Meastentiids hienen se gjin eigen lân, mar pachten dat. It fretten moast dan per boat nei de stâl brocht wurde. Hjirfoar waard faak in saneamde [[bok (fartúch)|bok]] brûkt. In bok hat wol wat fan in [[pream]] mar hat in skerpere stjûne en wie fan hout. Letter kamen der ek izeren bokken. Inkeld koe der syld wurde om kij, gers of hea thús te krijen, mar meastentiids moast der boomd wurde. Meand gers waard mei stokken yn de pream of bok skood. Soks wie in bealch fol wurk. Op hûs oan rûn de boer njonken it skip mei de boom op de wâl en moast sa de boat rjocht farre litte. Dit wurdt [[preamkeskowen]] neamd. In preamkeskower dy't de boat tsjin de wâl stjitte liet rûn it risiko dat de lading skowen gie.