Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎De swette: flaterke
Rigel 8:
 
== De Fryske Opstân ==
Yn [[28]] nei Kristus stelde [[Olennius]] dat de kowehûden net de mjitten fan hûden fan de lytse Fryske keikij hawwe moasten, mar dy fan de oerokse. Dit wie foar de Frisii net mooglik. Har fee wie sa grut net en allinnich op 'e râne fan harren gebiet kaam mooglik wolris in oerokse, mar net genôch foar de skatting. Lykas Olennius witte moatten hat koenen de Friezen dêr net oan foldwaan. Mei dy rjochtfeardiging namen de Romeinen earst de kei fuort, doe it lân en doe de froulju en bern. Dit soarge foar in opstân. De soldaten dy de skatting ynjen kamen waarden pakt en ophongen. Olennius ûntsnapte nei it [[Flevum|fort Flevum]], dêr't er troch de Frisii belegere waard. [[Lapronius]], de gûferneur fan [[Neder-Germaanje]], besocht de opstân te ûnderdrukken en rôp de help yn fan de legioenen fan [[Boppe-Germaanje]]. Hy koe de Friezen werom driuwe nei de omkriten fan fort Flevum, mar dat slagge allinnich mei grutte ferliezen. De skatting koe er net op 'en nij ynstelle.
 
== De swette ==