Robert Owen: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L Bot - oars: fa:رابرت اوون |
tf's |
||
Rigel 3:
== Biografy ==
Robert Owen waard berne yn 1771 as seisde bern fan in sealmakker en hoefsmid yn Newtown, Wales. Robert wie in tige yntelligint en learderich bern. Nei njoggen jier nei skoalle gien te
Doe't Robert seisentweintich wie boaske hy mei Caroline Dale waans heit in grutte weverij hie yn New Lanark. Robert naam nei in skoft de weverij oer en begûn alles op te knappen. Der wurken 1500 à 2000 minsken, wêrfan 500 bern. De wurkomstannichheden wienen min: de fentilaasje wie striemin wêrtroch't de minsken altyd koartamich wienen en de wurkdagen wienen lang tsjin lege leanen. De bern dy't der wurken wienen net of hast net oplieden. Dêrom betocht Robert wat nijs foar dizze bern: hy liet se learling-wever wurde en lei de ferantwurdlikheid by harren learmasters. Mar dit late yn it earstoan net ta resultaat wêrtroch't de libbensomstannichheden fan learlingen min bleaunen. Ek de omstannichheden fan de arbeiders wienen beroerd en it alkoholmisbrûk lei heech.
Robert woe in eksperimint begjinne, mar moast dêrfoar it betrouwen hawwe fan de arbeiders. Dit krige hy doe't de Amerikanen gjin katoenfezels mear leveren. De weverij lei 4 moannen stil, mar Robert Owen betelle syn arbeiders gewoan troch. Hjirmei hie hy in soad betrouwen wûn en no koe hy begjinne mei syn eksperimint. As earste besocht hy de wurkdagen te ferkoartsjen fan 13 nei 10 oere. Mar dit waard ûnder druk fa syn partners opkeard, de wurkdei waard krekt oarsom ferlinge nei 14 oeren deis. Mar oare herfoarmingen hienen mear súkses, want der waard in minimumleeftyd ynfierd. Dizze wie minimaal 10 jier en alle bern út de omkriten waarden oannomd. Hy liet ek de arbeidershuzen opknappe en liet de strjitten betegelje. Der waard in kosteleaze skoalle iepene. Hy betocht ek noch in systeem om it gedrach te ferbetterjen: Hy makke buordsjes (silent monitors) yn ferskillende kleuren swart= min,
It eksperimint wie slagge, syn wurknimmers mochten him graach lije en wurken hurd troch. Owen hat noch twa sosjale eksperiminten dien mar dy binne mislearre. Wol stiet fêst dat Owen in soad ynfloed hân hat op it skoalsysteem, yn it fabryk en yn de maatskippij.
Robert Owen
{{Commons|Robert Owen}}
|