Foeke Sjoerds: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat.
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:foekesjoerds(1).jpg|thumb|right|200px|''Foeke Sjoerds'']]
'''Foeke Sjoerds''' ([[Ie_(Dongeradiel)|Ie]], [[2 juny]] [[1713]] - [[Easternijtsjerk]], [[18 desimber]] [[1770]]) wie in skoalmaster en doarpsrjochter yn Easternijtsjerk.
Fan hûs út wie Foeke skuonmakker yn Ie (krekt as syn heit Sjoerd Foekes yn [[Mitselwier]],(†1718)). Fan jongs ôf foel hyer op troch syn learderigens en selsstúdzje. Syn boeken kamen faak út'e bibletheek fan ds. Eisso Bergsma fan Ie.
Op fersyk fan [[grytman]] [[Jarich Georg fan Burmania]] is er skoalmaster yn Moarre-Ljussens wurden mei in traktemint fan 70 gûne yn't jier. Fanwege dat lege ynkommen bleaunbleau hyer ek skuonmakker.
Doe't it plak fan skoalmaster yn Easternijtsjerk frij kaam, waard Foeke Sjoerds fan [[Moarre]] nei Easternijtsjerk, sa as it doe hiet, beroppen. DitDat wie foar him in ferbettering, want yn Nijtsjerk krige hyer 116 [[gûne]] yn 't jier. Yn [[1745]] krige er it baantsje fan doarpsrjochter der noch by. Bûten skoalle om joech er ek les oan hûs yn skiednis, Nederlânske taal, boekhâlden, psalmsjonge en goed boargerdom; en wie hyer instrumintskriuwer (fan akten, brieven, obligaasjes ensfh.)
 
Skoalmaster wie gjin fetpot. Foeke Sjoerds klage dan ek oer syn eins te lyts traktemint. Hy kaam op foar better ûnderwiis troch bekwame minsken. Yn Foeke'sFoekes tiid wie skoalmaster meastentiids in bybaantsje en der waard faak op delsjoen. Faak koenen hjase sels mar amper rekkenje en skriuwe. Hy wie fan betinken dat kennis tagonklik wêze moast foar de gewoane man. Hy fertaalde en oardere wurken oer wrâld - en tsjerkeskiednis yn ienfâldiger taal. Al syn ynspannings en betûftens op ditdat mêd makke dat syn ûnderwiis goed bekend stie ([[Wopke Eekhoff]]).
 
Foeke Sjoerds hat him ek mei de polityk bemuoid. Doe't [[steedhâlder]] [[Willem Karel Hindrik Friso]] yn [[1747]] steedhâlder fan alle gewesten waard, kaam der in beweging op, dy't de Doelisten neamd wurdt. Se stelden in fersyk op oan de steedhâlder om mear demokratyske frijheid. De steedhâlder is dêr net op yngien.
 
Doe ûntstie der reboelje. In groepke besocht om dan mar sels feroarings yn te fieren. It grutste beswier hienen se tsjin de hege belestings. Se lutsengienen by de doarpen lâns om oanhing te sammeljen. Se kamen ek yn Easternijtsjerk. Se gienen nei Foeke Sjoerds ta om as doarpsrjochter de klok te lieden. Dat gie Foeke Sjoerds te fier en hy wegere.
De beweging is op neat útrûn.
 
Yn 1770 is Foeke Sjoerds te Easternijtsjerk ferstoarn, krekt nei't hyer as lânsskiedskriuwer beneamd wie, wat mense earst net tastean woewoenen, om't Foeke gjin akademikus wie. Syn grêf is der altyd noch. De tsjintwurdige skoalle hat as namme: De Foeke Sjoerdsskoalle.
 
Op syn grêf stiet:<br>