Minne Hoekstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Eat oer "M. Hoekstra".
 
Aliter (oerlis | bydragen)
Prizen oan museum jûn troch syn soan.
Rigel 4:
Hoekstra wie ien fan de hast fyftich ynskreaune reedriders.
 
Foar deit Fryske Bûn wie it gjin wedstriid, mar foar deit Nederlânske al. Foar Minne Hoekstra, dielnimmer 34, wie it dúdlik in wedstriid; hy hie sels [[gatsjeredens]] - redens mei gatten yn de izers, dat se lichter wienen. It waard in tocht yn teiwaar en yn it westen gong it oer brak, sêft iis. Nei 189 km wie Minne Hoekstra de flugstefluchste yn 13 oere 50, en hy wûn dermei de ferguld-sulveren medalje dy't it Nederlânske bûn útloofd hie.

Yn de folgende dagen kaam der spul yn de krante mei in oare dielnimmer, [[Jan Boon]]. Boon sei dat er sels net hurd riden hie om't it gjin wedstriid wêze soe, en hydat er hawwe woe dat Hoekstra dêr't it iis te min wie stikken rûn hie.
 
Uteinlik wûn Hoekstra ek de priis fan de Fryske bûn: in ferguld-sulveren reed foar de aardigste beskriuwing fan de tocht ynstjoerd troch in dielnimmer-folbringer. It ferslach is yn opdracht fan it Fryske Iisbûn útjûn troch "[[de Atlas]]" yn [[de Haach]], ûnder de titel ''De historische elfstedentocht van 2 januari 1909'' (''De histoaryske alvestêdetocht fan 2 jannewaris 1909'').
 
Dêrnei ferdwûn Minne Hoekstra wer út de publyke belanstelling, en waard dûmny. Syn prizen binne úteinlik troch syn soan, doe't dy sels al 85 wie, oan it [[Earste Fryske Redensmuseum]] jûn.